Martin B-26 Marauder 250px Rol Middelswiere bommesmiter Makker Glenn Martin Earste flecht 25 novimber 1940 Yn tsjinst 1941 Ut tsjinst Tal makke goed 5.200 (1941–1945) Brûkers United States Army Air Forces, Frije Frânske Loftmacht Royal Air Force Súd-Afrikaanske Loftmacht Priis it stik $102,659.33/B-26A Farianten

De Martin B-26 Marauder is in Amerikaanske twamotorige middelswiere bommesmiter. De earste flecht wie op 25 novimber 1940. It tastel waard foar it earst ynset yn Oseaanje, mar letter ek foar missys yn it Noard-Afrika, it Middellânske Seegebiet en yn West-Jeropa.

Skiednis Yn it earstoan barden der in protte ûngemakken by de start en lânings mei de B-26 en krige it tastel de bynamme "Widdomakker". Under mear wie de lâningsfaasje heech (193 oant 217 km/o) wêr't de fleanders net oan went wiene. De B-26 waard in feiliger fleantúch doe't de bemanningen fannijs treent wiene en nei't in tal aerodynamyske ferbetteringen tapast wiene, ûnder mear it fergrutsjen fan de fleugelspanwiidte en in gruttere stabilisator en rjochtingsroer. Oan de ein fan de oarloch wie de Marauder de bommesmiter fan de USAAF mei de lytste ferliezen.Ethell 1995, s. 243.

Totaal waarden der 5.288 fan makke tusken febrewaris 1941 en maart 1945; 522 dêrfan fleagen by de Royal Air Force en de Súd Afrikaanske Loftmacht. Tsjin de tiid dat de United States Air Force selsstannich kriichsmachtûnderdiel waard yn 1947, los fan it leger, wiene alle Martin B-26s al út tsjinst helle. De Douglas A-26 Invader krige doe de oantsjutting B-26 — foar't dy yn maaie 1966 syn eardere beneaming "A for Attack" werom krige.

Technyske gegevens

Gegevens B-26G Bemanning 7 Langte 17,22 m Spanwiidte 21,65 m Hichte 6,20 m Fleugeldraachflak Gewicht leech 11.500 kg Startgewicht 17.300 kg Topfaasje 455 km/o op 1530 m 441 km/o op 4572 m Fleanberik 1760 km Tsjinstplafond 6040 m Oandriuwing twa Pratt & Whitney R-2800-43-Double-Wasp-dûbelstjermotors fan 1920 hk it stik Bewapening alve 12,7-mm-Browning M2's,1815 kg bommen

Sjoch ek Ferlykbere tastellen wat ûntwerp en rol oanbelanget: de Havilland Mosquito Dornier Do 217 Douglas A-26 Invader Mitsubishi G4M North American B-25 Mitchell Vickers Wellington

Keppelings om utens Baugher, Joe. "Martin B-26 Marauder." Encyclopedia of American Aircraft. The Army Asked For A Miracle – The Answer Was The B-26 artikel út begjin 1943, fotoos fan de earste B-26s] B-26 Marauder Digital Collection by de Universiteit fan Akron Archival Services b26.com Side wijdt oan de bamanningen dy't mei de Marauder flein hawwe

Kategory:Amerikaanske bommesmiter Kategory:Amerikaanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1940