Stiem is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Stiem leit súdeastlik fan Eanjum en súdwestlik fan De Skâns (Noardeast-Fryslân).

Skiednis It plak waard yn 1511 fermeld as Steem en yn 1718 as Stiem. Der wurdt fan útgien dat de plaknamme ôflaat is fan Stedum, wat in delsetting tichtby in pleats oanjout.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 makke Stiem diel út fan de doetiidske gemeente Eastdongeradiel. Dêrnei foel it plak ûnder de gemeente Dongeradiel, oant dy gemeente yn 2019 opgie yn Noardeast-Fryslân.

Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings

Kategory:Eanjum Kategory:Buorskip yn East-Dongeradiel Kategory:Buorskip yn Dongeradiel Kategory:Buorskip yn Noardeast-Fryslân