thumb|Tonko Tonkens thumb|Lutherseal
Tonko Tonkens (Midwolda, 9 augustus 1889 - It Amelân, 8 septimber 1945) wie in Nederlânsk arsjitekt.
Tonkens, soan fan in timmerman, hie tegearre mei Bonne Kazemier (1875-1967) yn Grins it arsjitekteburo Kazemier & Tonkens, dat yn de perioade 1919-1940 tûzenen wenten yn dy stêd ûntwurpen hat. Harren ferieningslokaal foar de Vrijzinnig Lutherse Vereniging yn de Haddingestrjitte yn Grins is oanwiisd as ryksmonumint.Ryksmonument 485645 (Haddingestraat 23, Groningen)
Yn maart 2017 liet de stêd Grins witte dat der in strjitte nei Tonko Tonkens ferneamd wurde sil. De strjitte, Tonkensstraat hjitten, sil ûnderdiel wurde fan it prestizjeuze Jeropapark-projekt by it Euroborg stadion.
Sjoch ek Bonne Kazemier List fan Nederlânske arsjitekten
Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1889 Kategory:Persoan stoarn yn 1945