De Twee Gebroeders (sylteken: in swan) is it skûtsje wêrmei‘t Langwar meidocht oan de kampioenskippen fan de SKS. Dit skûtsje is boud yn 1914 troch Skipwerf Wildschut yn De Gaastmar yn opdracht fan Rienk Ulbesz Zwaga.

Syn soan Ulbe Rienksz Zwaga hat mei dit skip syn earste kampioenskippen helle tusken 1946 en 1950. Hoewol ’t yn dy tiid noch net foar doarpen syld waard beskôgen de Langwarders dit skûtsje dochs as fan harren. Yn 1965 is de Stichting skûtsjes Doniawerstal oprjochte, dy ’t it skûtsje (dat ek wol “de Grutte Griene” neamd waard) yn eigendom krige. Hja hoopten dat de suksessen fan Ulbe Zwaga trochset wurde soenen.

Twa soannen fan Ulbe Zwaga slaggen der yn om mei dit skip kampioen te wurden, Rienk Ulbesz Zwaga yn 1969 en Lammert Ulbesz Zwaga yn 1980. Dêrnei foelen de resultaten wat ôf. Yn harren stribjen nei sukses hawwe de Langwarders mei ferskate skippers en skûtsjes fearn.

Sûnt 2015 sylt Langwar wer mei de “Twee Gebroeders”. Dat jier waarden sy twadde yn it einklassemint mei 0,2 punten efterstân op de kampioen de Jouwer. Troch de nije sylformule moast Langwar yn 2017 mei ekstra ballast sile. Dêrtroch wienen hja net by steat om mei te kommen yn de float en hawwe sy fierder net meidien yn de kompetysje.

Skûtsjes 1965-1966 : Friesland 1967-1997 : de Twee Gebroeders 1998-2000 : Swan fan Donia 2001-2005 : Jonge Jan 2006-2009 : de Twee Gebroeders 2010-2015 : Ut 'e Striid 2015-no : de Twee Gebroeders

Skippers 1965-1967 : Lodewijk Meeter 1968-1971 : Rienk Ulbes Zwaga 1972-1975 : Durk de Jong 1976-1977 : Pieter Engelsma 1978-1980 : Lammert Ulbes Zwaga 1981-1981 : Rienk Ulbes Zwaga 1982-1986 : Lammert Ulbes Zwaga 1987-1988 : Chris Brouwer 1989-1990 : Aldert Wiemers Hoekstra 1991-1999 : Tjitte Jans Brouwer 2000-2008 : Anne Tjerkstra 2009-2009 : Jeroen Pietersma 2010-2011 : Ulbe Brandsma 2012-2013 : Jaap Zwaga 2014-2016 : Johannes Meeter 2017-no : Jaap Zwaga

SKS kampioen Oantal || bgcolor=ffd700 |Skipper '''Kampioen yn   4 Ulbe Rienks Zwaga 1946 - 1948 - 1949 - 1950   1 Rienk Ulbes Zwaga 1969   1 Lammert Ulbes Zwaga 1980

Kategory:Nederlânsk skûtsje Kategory:Langwar Kategory:Skip út 1914