Georgus Hermanus Josephus "George" Schweigmann (Snits, 7 novimber 1924 – Ljouwert, 18 oktober 2017) wie in Nederlânsk reedrider fan Frysk komôf.
As toerrider ried Schweigmann fan de achtste Alvestêdetocht yn 1942 ôf acht Alvestêdetochten efterelkoar. Hy ried se allegearre út en is dêrmei meirekordhâlder mei (ûnder oaren) Klaas de Groot. By de tolfde Alvestêdetocht (1963) rekke Schweigmann ferwûne oan de knibbel troch in reed fan in oare rider en finishte nei it kramjen fan de wûn as lêste.
Hy wie teffens 25 jier lang bestjoerslid foar de Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden. Schweigmann stoar yn de âldens fan 92 jier oan in hertoanfal.Leeuwarder langebaanpionier George Schweigmann overleden, Leeuwarder Courant, 21 oktober 2017.
Kategory:Alvestêdetochtrider Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1924 Kategory:Persoan stoarn yn 2017