In feilichheidstsjinst is in geheime tsjinst dy't him (benammen) taleit op it hanthavenjen fan 'e nasjonale feilichheid fan in lân. Sa'n oerheidsynstânsje hat it foech om yn eigen lân ûndersyk te dwaan nei persoanen, organisaasjes en bedriuwen dy't mooglik it regear fan dat lân of fan oare lannen of de demokratyske rjochtsoarder fersteure kinne of wolle. Men kin dan tinke oan 'e organisearre misdie, terroristyske netwurken en aginten fan geheime tsjinsten fan fijannige (of befreone) lannen. Sadwaande binne feilichheidstsjinsten ek ferantwurdlik foar kontraspionaazje, d.w.s.: it bestriden yn it eigen lân fan spionaazje troch bûtenlânske geheime tsjinsten of oare bûtenlânske organisaasjes.
Foarbylden Foarbylden fan feilichheidstsjinsten binne: Dútslân: Bundesamt für Verfassungsschutz (BfV) Feriene Keninkryk: Security Service (MI5) Feriene Steaten: Federal Bureau of Investigation (FBI) Frankryk: Direction Centrale du Renseignement Intérieur (DCRI) Israel: Shin Bet Meksiko: Centro de Investigación y Seguridad Nacional (CISEN) Ruslân: Fjedjeralna Slûzjba Bjezopanosti (FSB) Sina: Guojia Anquanbu Sweden: Säkerhetspolisen (SäPo)
Sjoch ek geheime tsjinst ynljochtingetsjinst
Kategory:Geheime tsjinst Kategory:Oerheidsynstânsje Kategory:Plysje Kategory:Steatsfeilichheid