De ierdbeving fan Dubrovnik wie in swiere ierdbeving dy't op 6 april 1667 de eastkust fan 'e Adriatyske See trof. It episintrum lei deunby de stêd Dubrovnik (histoarysk bekend as Ragûsa), yn it tsjintwurdige Kroaasje, dat doedestiden de haadstêd wie fan 'e ûnôfhinklike Republyk Ragûsa.
Dizze ierdbeving wie ien fan 'e beide meast ferwoastgjende ierdbevings dy't it hjoeddeiske Kroaasje yn 'e ôfrûne 2.400 jier troffen hawwe (de oare wie de ierdbeving fan Zagreb yn 1880). Hast de hiele stêd Dubrovnik waard ferwoastge en trijefearn fan 'e regearingsgebouwen waard mei de grûn lyk makke. Der kamen nei skatting 5.000 minsken om, wêrûnder Šišmundo Getaldić, de rektor (hearsker) fan 'e stêd.
Yn 'e mande mei it tebekrinnen fan 'e hannel yn it Middellânske-Seegebiet dat it gefolch wie fan 'e feart op 'e East troch Westjeropeeske lannen, markearre de ierdbeving fan 1667 it begjin fan 'e ein foar de Republyk Ragûsa. Behalven dielen fan it moderne Kroaasje, waarden ek gebieten troffen dy't no ta Bosnje-Hertsegovina en ta Montenegro hearre.
Dubrovnik 1667 Kategory:Dubrovnik Kategory:Republyk Ragûsa Kategory:Ramp yn Kroaasje Kategory:Ramp yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Ramp yn Montenegro Kategory:Barren yn 1667