Henk Krist (Ljouwert, 3 jannewaris 1952) is in Nederlânsk keunstskilder.
Henk Krist waard berne yn in grifformearde húshâlding. Hy gie nei de HBS yn Ljouwert ynearsten oan 't wurk yn de psychiatry. Dêrneist skildere er. Hy folge in opleiding ta byldzjend keunstner oan de doedestiidske Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert. Yn 1983 waard syn wurk foar it earst útstald. Dêrnei eksposearre er op ferskate plakken yn Nederlân en yn Gint yn België. De skilderijen fan Krist binne figuratyf. Syn oeuvre bestiet foar it grutste part út lânskippen en ôfbylden fan tragyske en iensume minskefigueren.
Yn 2009 waard yn Museum Willem van Haren op It Hearrenfean en yn galery "De Roos van Tudor" yn Ljouwert in oersjochtentoanstelling fan syn wurk holden.
Galery
Bibliografy Wat te doen op aarde: Henk Krist, schilderijen (yn it Ingelsk oerset as "What's to be done on earth : Henk Krist, paintings"), Ljouwert, 2009
Keppeling om utens Website Henk Krist
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1952