Just Another Heartache is in liet fan 'e Amerikaanske sjongster Chely Wright. It heart ta it sjenre fan 'e countrymuzyk. __NOTOC__ Produksje Just Another Heartache waard skreaun en komponearre troch Ed Hill en Mark D. Sanders, en produsearre troch Tony Brown foar platemaatskippij MCA Nashville. It waard op 29 novimber 1997 útbrocht as de twadde single fan it album Let Me In, nei Shut Up and Drive (1997) en foàr I Already Do (1998).
Ynhâld Just Another Heartache, dat "neat oars as nij leafdesfertriet" betsjut, hat in doer fan 2:41 minuten en is skreaun yn it ik-perspektyf. De sjongster fertelt dat se in nije freon hat en hopet dat dit de wiere Jakob is. Hja hat lykwols al tefolle teloarstellings op it mêd fan 'e leafde meimakke, en is dêrfandinne skruten om der fol foar te gean. Yn it refrein sjongt se dat se út alle macht hopet dat it net wèr neat oars as nij leafdesfertriet wurde sil.
Hitlisten Yn 'e Feriene Steaten berikte Just Another Heartache it 39e plak yn 'e countryhitlisten. Yn Kanada kaam it net fierder as it 51e plak.
Keppelings om utens Just Another Heartache op YouTube
Kategory:Muzikaal wurk fan Chely Wright Kategory:Countryliet Kategory:Single út 1997 Kategory:Ingelsktalich liet