Riem de Wolff (Depok (Java), 15 april 1943 – Blarikum, 12 septimber 2017) wie in Yndysk-Nederlânsk artyst.

Biografy Riem de Wolff kaam yn 1949 tegearre mei syn broer Ruud nei Nederlân. Sy setten harren nei wenjen yn Driebergen-Rijsenburg. Tegearre foarmen sy it duo The Blue Diamonds, mei Riem as sjonger en gitarist. Mei syn broer Ruud de Wolff wûn er in Edison-award foar harren nûmer Ramona.

Oant de dea fan Ruud de Wolff yn desimber 2000 bleaune The Blue Diamonds platen meitsjen en optreden. Dêrnei trede Riem solo op. Yn 2008 spile er mei yn de Nederlânske film Ver van Familie mei ûnder oaren Anneke Grönloh.

De Wolff rekke wei yn de nacht fan 12 septimber 2017 yn de âldens fan 74 jier.Blue Diamonds-zanger Riem de Wolff overleden

Op 29 april 2005 waard De Wolff beneamd ta Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau.

Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk gitarist Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Nederlânsk persoan fan Yndonezysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Javaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1943 Kategory:Persoan stoarn yn 2017