It Muzyk Giet troch de Buorren is in tige bekend Frysktalich folksferske, dat generaasjes Fryske bern op 'e skoalle leard hawwe. It waard yn 1950It Mesyk Giet troch de Buorren yn it Frysk Muzyk Argyf makke troch Paulus Folkertsma (1901-1972) dy't sawol de liettekst skreau as de meldij komponearre.Fryslân Sjongt, Ljouwert, 2000 (Afûk), ISBN 9 06 27 33 611, s. 213. Oarspronklik wie de titel stavere as It Mesyk Giet troch de Buorren. It is in koart liet, dat as kanon songen wurde kin.

Tekst It muzyk giet troch de buorren It is allegearre folk Rom-bom-bom, rom-bom-bom slacht de tromme Dêr begjint it al:

"Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!" Alle jonges, alle famkes Sjonge mei. 't Is in lust, Hast ús hiele lytse doarpke dat is op 'en baan!

Kategory:Frysk folksferske Kategory:Frysktalich liet Kategory:Muzikaal wurk út 1950 Kategory:Boksum Kategory:Jellum