De antilopekobisten (wittenskiplike namme: Tragelaphini, ek wol Strepsicerotini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae) en de ûnderfamylje fan 'e kobisten (Bovinae).
Dizze taksonomyske groep omfiemet de antilope-eftige kobisten, dy't inkeld yn Afrika foarkomme. Yn ferhâlding ta de nau besibbe echte kobisten (Bovini), binne de antilopekobisten oer it generaal lichter boud, mei langere halzen en in oansjenlik mjitte fan seksuële dimorfy. Acht fan 'e tsien soarten antilopekobisten hawwe de status 'kwetsber', wylst inkeld de beide grutste soarten, de elandantilope (Taurotragus oryx) en de reuze-elandantilope (Taurotragus derbianus), noch rûnom foarkomme yn harren ferspriedingsgebiet.
Tûke-opbou De tradisjonele yndieling fan 'e antilopekobisten is sa:
antilopekobisten (Tragelaphini of Strepsicerotini) skaai echte antilopekobisten (Tragelaphus) berchnyala (Tragelaphus buxtoni) bongo (Tragelaphus eurycerus) boskbok (Tragelaphus scriptus) grutte koedoe (Tragelaphus strepsiceros) ymbabala (Tragelaphus sylvaticus) lytse koedoe (Tragelaphus imberbis) nyala (Tragelaphus angasii) sitatûnga (Tragelaphus spekeii) skaai elandantilopen (Taurotragus) elandantilope (Taurotragus oryx) reuze-elandantilope (Taurotragus derbianus)
Resint ûndersyk hat lykwols oantoand dat de ûnderlinge relaasjes fan 'e soarten antilopekobisten foar 't neist wat oars binne. Dêrtroch soene ek de wittenskiplike nammen fan guon soarten feroarje. In nije taksonomyske yndieling soe der sa útsjen kinne:
antilopekobisten (Tragelaphini of Strepsicerotini) skaai echte antilopekobisten (Tragelaphus) berchnyala (Tragelaphus buxtoni) bongo (Tragelaphus eurycerus) boskbok (Tragelaphus scriptus) ymbabala (Tragelaphus sylvaticus) sitatûnga (Tragelaphus spekeii) skaai elandantilopen (Taurotragus) elandantilope (Taurotragus oryx) reuze-elandantilope (Taurotragus derbianus) skaai grutte koedoes (Strepsiceros) grutte koedoe (Strepsiceros strepsiceros) skaai lytse koedoes (Ammelaphus) lytse koedoe (Ammelaphus imberbis) skaai nyala's (Nyala) nyala (Nyala angasii) Fierders is it mooglik dat bygelyks it bist dat no bekend stiet as de lytse koedoe eins twa ferskillende soarten omfiemet; fierder DNA-ûndersyk sil dat útwize moatte.
Kategory:Holhoarnige