Dominicus Antonius Geertrudis Draper (Ljouwert, 1 juny 1869 – Ynskedee, 3 febrewaris 1941) wie in Frysk muzikant en muzykpedagooch.Berte-akteDea-akte
Draper waard berne as soan fan Dominicus Antonius Harmannus Draper en Antje de Hey. Hy studearre fioele yn Amsterdam fan 1884 oant 1888 en yn 1895 in jier yn Parys.
Yn 1900 stichte Draper in muzykskoalle dêr't er sels fioeleles en pianoles joech. Helena, syn suster dosearre dêr piano en broer Andries fioele. De saneamde Draperskoalle hie oant 1914 in bloeiend bestean. De jierlikske útfiering fan de skoalle wie ferneamd. Draper joech ek in protte konserten mei muzikale famyljeleden.
Wurk (in kar) 3 lieten yn it Frysk Lieteboek It liet Jountiids Wémoed de toanielmuzyk (suite) fan Mincelijn (1915).
Kategory:Frysk fioelist Kategory:Frysk muzykpedagooch Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1869 Kategory:Persoan stoarn yn 1941