De Liudgertsjerke oan de Hegebeintumerwei wie de tsjerke fan de grifformearde tsjerke en is tsjintwurdich ien fan de twa tsjerken fan de "Protestantske Gemeente Ferwert" yn Ferwert.

Skiednis thumb|left|Grifformearde tsjerke mei pastorij foar 1920 Yn de 19e iuw stie op it plak fan de tsjerke in hûs mei stâl fan de túnker Hendrik Braak. It kaam yn 1846 yn eigendom fan de ôfskieden gemeente en fan doe ôf oant 1866 waard it gebou ferboud ta tsjerke. Yn 1920 folge in nije ferbouwing: de muorren waarden ophege, de tsjerke krige in dwersskip en der waarden galerijen ynboud, sadat it tal sitplakken tanaam fan 572 oant 729. Reliwiki

In lêste grutte ferbouwing fûn plak yn 2009. Doe waard it ynterieur folslein modernisearre. Yn deselde snuorje waard de tsjerke ferneamd nei Liudger, de sindeling dy't yn de omkriten fan Ferwert wurke hat. Friesch Dagblad, 7 april 2009 De grifformearde gemeente gyng op 1 jannewaris 2010 mei de herfoarme gemeente op yn de Protestantske Gemeente Ferwert. Friesch Dagblad, 4 jannewaris 2010

Oargel It oargel yn de Liudgertsjerke waard yn 1921 troch de firma P. van Dam út Ljouwert boud.Kerk en Orgel

Kategory:Ferwert Kategory:Tsjerkegebou yn Ferwerderadiel Kategory:Tsjerkegebou yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1866