Marek Špilár (Stropkov, 11 febrewaris 1975 - Prešov, 7 septimber 2013) wie in Slowaaksk fuotballer. Hy spile as sintrale ferdigener fan 2002 oant 2005 by de Belgyske fuotbalclub, Club Brugge.
Karriêre Špilár kaam yn totaal tritich kear út foar it Slowaakske nasjonale alvetal. Hij makke syn debút foar it nasjonale alvetal op 2 febrewaris 1997 yn in freonskippelike westriid yn Cochabamba tsjin Bolivia. Slowakije wûn de wedstriid mei 1-0 troch in doelpunt fan Jozef Kožlej. Ek doelman Miroslav König, en middenfjilder Igor Demo, makken yn die wedstriid harren debút foar Slowakije. Špilár syn lêste ynterlân wie yn 2003. Špilár syn lêste profclub wie it Japanske Nagoya Grampus Eight Dêr't er it seizoen 2006-2007 foar spile.
Marek Špilár ferstoar op 7 septimber 2013, yn 'e âldens fan 38 jier nei't er himsels te koart dien hie.
Statistiken Slowaaksk fuotbalalvetalPerioadeWedstridenDoelpunten19971101998120199910200000200100200260Totaal300
Kategory:Slowaaksk fuotballer Kategory:Persoan dy't omkommen is by in fal Kategory:Persoan berne yn 1975 Kategory:Persoan stoarn yn 2013