Meksiko, offisjeel de Feriene Meksikaanske Steaten (Spaansk: Estados Unidos Mexicanos) is in lân yn Noard-Amearika.
Geografy Meksiko wurdt begrinze troch de Feriene Steaten, Belize, Gûatemala, de Grutte Oseaan en de Golf fan Meksiko.
Lânskip left|thumb|De Pico de Orizaba, de heechste berch fan Meksiko. Meksiko leit yn it suden fan Noard-Amearika, it súdlike part wurdt bytiden ta Sintraal-Amearika rekkene. It lân rint mear as trijetûzen kilometer fan it noardwesten oant it súdeasten út. Yn it noarden is Meksiko twatûzen kilometer breed, mar op syn smelst (Lâningte fan Tehuantepek) is dat likernôch 220 kilometer. Meksiko leit tusken de Grutte Oseaan oan 'e iene kant en de Golf fan Meksiko en de Karibyske See oan 'e oare kant. Meksiko hat twa opfallende skiereilannen: Yucatán en Neder-Kalifornje.
Utsein Yucatán is Meksiko in bercheftich lân, mei as wichtichste massyf it út trije parten besteande Sierra Madre, dat as in part fan 'e Rocky Mountains beskôge wurde kin. Yn it midden fan Meksiko leit in oantal fulkanen, dêr't de Popokatépetl de bekendste fan is. It heechste punt is de Pico de Orizaba (5650 m), wat ek in fulkaan is. De grutste rivieren binne de Río Bravo (yn 'e Feriene Steaten bekend as Rio Grande), de Lerma, de Balsas, de Pánuco, de Usumasinta en de Yaqui.
Eilannen fan Meksiko Meksiko hat in grut ferskaat oan eilannen yn sawol de Karibyske See as de Stille Oseaan. De wichtichste binne:
de Karibyske kust: Cozumel (ferneamd om koraalriffen), Isla Mujeres en Isla Holbox. de Golf fan Kalifornje: Isla Tiburón (it grutste eilân fan it lân) en it natuerreservaat Isla Espíritu Santo, dat op 'e UNESCO-list stiet. de Stille Oseaan: de isolearre Revillagigedo-arsjipel en Isla Guadalupe, bekend om de grutte wite haai. Ek de eardere finzenis-eilannen, de Islas Marías, binne no in natuerpark. Histoarysk: Yn it hert fan it lân lizze de Chinampas fan Xochimilco, de ferneamde driuwende tunen fan 'e Azteken.
Klimaat It klimaat fan Meksiko rint útien fan woastynklimaat yn it noarden oant tropysk reinwâldklimaat yn it suden en berchklimaat yn 'e midden.
Bestjoerlike yndieling Meksiko is in federale republyk dy't bestiet út 32 federale entiteiten: 31 frije en sûvere steaten en Meksiko-Stêd, de haadstêd fan it lân.
Elke steat hat syn eigen grûnwet, in eigen parlemint (de Congreso del Estado) en in gûverneur dy't troch direkte ferkiezings keazen wurdt. De steaten binne foar in grut part selsstannich oer ynterne saken lykas ûnderwiis, plysje en lokale belestingen. Op it heechste nivo wurde se lykwols ferienige troch de federale oerheid, dy't oer de nasjonale feiligens, bûtenlânske polityk en de algemiene ekonomyske koers giet.
De steaten binne op harren beurt wer ûnderferdiend yn gemeenten (municipios). Op it stuit binne der yn totaal 2.471 gemeenten yn it lân. Dizze gemeenten foarmje de tredde bestjoerslaach en binne ferantwurdlik foar basisfoarsjennings lykas drinkwetter, strjitferljochting en ôffalferwurking.
Meksiko-Stêd (CDMX) hie foar in hiel skoft in aparte status as it "Federaal Distrikt" (Distrito Federal). Sûnt in grûnwetlike herfoarming yn 2016 hat de stêd lykwols hast deselde rjochten en autonomy krigen as de oare 31 steaten, ynklusyf in eigen grûnwet en lokale boargemaster.
Steaten fan Meksiko
1. Aguascalientes 2. Baja California 3. Baja California Sur 4. Campeche 5. Chiapas 6. Chihuahua 7. Coahuila 8. Colima 9. Durango 10. Guanajuato 11. Guerrero 12. Hidalgo 13. Jalisco 14. Meksiko 15. Michoacán 16. Morelos 17. Nayarit 18. Nuevo León 19. Oaxaca 20. Puebla 21. Querétaro 22. Quintana Roo 23. San Luis Potosí 24. Sinaloa 25. Sonora 26. Tabasco 27. Tamaulipas 28. Tlaxcala 29. Veracruz 30. Yucatán 31. Zacatecas 32. Meksiko-Stêd450px|Kaart fan 'e steaten fan Meksiko
Skiednis It gebiet fan it tsjintwurdige Meksiko hat bloeiende beskavingen kind (Tolteken, Maya's, Azteken). Yn 1519 fersloech de Spaanske konkwistator Cortés de Azteken en oermastere harren ryk. De Spanjerts stiften yn 'e Nije Wrâld de koloanje Nij-Spanje, dy't Meksiko, Sintraal-Amearika, West-Ynje en de Filipinen (en dielen fan de hjoeddeiske FS) omfieme. Allinnich mei it memmelân Spanje mocht hannel dreaun wurde.
thumb|left|Eksekúsje fan Maksimilaan. Begjin 19e iuw kamen de kreoalen ûnder lieding van 'e prysters Hidalgo en Morelos yn opstân. Yn 1821 (ynstee fan 1819) rôpen de blanke kolonisten de ûnôfhinklikheid fan Meksiko út. Spanje stjoerde generaal Iturbide nei it noarden om de opstân del te slaan. By oankomst ferklearre dy him lykwols tsjin Spanje en liet himsels ta keizer kroane. Generaal Antonio López de Santa Anna brocht him yn 1823 ta fal, wêrnei't in tiidrek fan politike gaos folge dat oant 1857 duorre. Yn dy tiid waarden op syn minst 250 steatsgrepen plege. Doe't Teksas, dat him yn 1836 fan Meksiko ôfskaat hie, him oanslette by de Feriene Steaten, bruts in oarloch tusken Meksiko en de Feriene Steaten út, dy't troch Meksiko ferlern waard. It lân rekke Nij-Meksiko, Arizona, Utah en Kalifornje kwyt.
Yn 1863 stjoerde de Frânske keizer Napoleon III in grut leger nei Meksiko dat de haadstêd binnenluts. De konservativen beaën dêrop de keizerskroan oan aartshartoch Maksimilaan fan Eastenryk oan. Nei syn fal yn 1867 waard Juárez, dy't earder ek al oan 'e macht west hie, wer presidint. Yn 1876 kaam Díaz oan 'e macht. Hy regearre, mei in ûnderbrekking fan 1880 oant 1884, as konservatyf diktator.
Yn 1910 (begjin fan de revolúsje) sette in nasjonale revolúsje útein dy't in ein meitsje woe oan 'e macht fan bûtenlânske bedriuwen, de tsjerke en grutgrûnbesitters. De jierren dy't dêrop folgen (1910-1920) wienen tige rûzich. Yn dy tiid kamen de Feriene Steaten twa kear militêr tuskenbeide. Troch lettere opienfolgjende presidinten waard de nasjonale revolúsje trochset. Under Calles bruts yn 1926 in skerp konflikt út mei de Roomsk-Katolike Tsjerke en presidint Cárdenas besleat yn 1938 ta nasjonalisaasje fan alle Amerikaanske en Britske oaljemaatskippijen.
Meksiko ferklearre yn 1942 de oarloch oan Dútslân en Japan. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der foar it earst wer in sivile presidint oan 'e macht. Sûnt dy tiid beskikt it lân feitlik oer in stjoerde demokrasy en is de tradysje groeid dat de ferskate streamingen binnen de regearingspartij PRI inoar yn it presidintskip ôfwikselje.
Demografy Befolking It grutste part fan 'e befolking bestiet tsjintwurdich út Mestizen; ôfstammelingen fan blanke Spaanske kolonisten en de oarspronklike Yndianen. Lytsere mar dochs grutte groepen foarmje de blanken en de minsken fan Yndiaansk komôf. De blanken hawwe in grutter oerwicht yn wolfeart en politike ynfloed. Fierders binne der Afro-Meksikanen, Arabyske Meksikanen en Aziaten.
+ Etnyske gearstalling fan Meksiko (2020) Groep Persintaazje Opmerking Mestizen 70% – 85% Mingd lânseigen en Europeesk Lânseigen (Indígena) 21% – 25% Basearre op selsidentifikaasjeINEGI, Censo de Población y Vivienda 2020. Blanken 10% – 15% Foaral fan Spaanske ôfkomst Afro-Meksikanen 2,0% Earste offisjele telling yn 2020 Oaren < 1,0% Aziaten en Arabyske Meksikanen Boarne: INEGI (Censo 2020) en ferskate sosjologyske stúdzjes.
Taal Om-ende-by 94% fan 'e befolking hat it Spaansk as memmetaal en it wurdt troch mear as 98% fan 'e Meksikanen ferstien; dêrtroch is it lân it grutste Spaansktalige lân fan 'e wrâld. Hoewol't it Spaansk de offisjele lânstaal is, ferskilt it wat útspraak en wurdskat oanbelanget fan it Spaansk dat yn Spanje praat wurdt. Ek binne der lokale ferskillen; it Spaansk fan de kuststreken wurdt bygelyks ta it Karibysk Spaansk rekkene.
In minderheid fan likernôch 6,1% fan 'e befolking (sa'n 7,3 miljoen minsken) hat in lânseigen taal as memmetaal. Troch de Meksikaanske oerheid wurde 68 (ynstee fan 62) lânseigen talen as 'nasjonale talen' erkend, dy't yn it gebiet dêr't se sprutsen wurde deselde status hawwe as it Spaansk. Fan dizze talen binne it Nahuatl (1,65 miljoen sprekkers), it Yucateeksk Maya (774.000), it Tseltal (561.000), it Tsotsil (550.000) en it Mixteeksk (526.000) de grutste.
Wylst it Nahuatl, Yucateeks Maya en Tseltal noch in soad praat wurde, hawwe oare talen lykas it Awakateko of it Kiliwa noch mar in hantsjefol sprekkers. It persintaazje fan 'e befolking dat in lânseigen taal praat rint tebek. Fan 'e 68 erkende talen drige der 20 oant 30 yn 'e kommende jierren te ferdwinen.
Religy It meastepart fan 'e Meksikaanske befolking beskôget himsels as kristen. De Roomsk-Katolike Tsjerke is mei 77,7% fan 'e totale befolking de grutste leauwe-mienskip (in tebekgong ferlike mei eardere desennia). In groeiende groep fan 11,2% is protestantsk of evangelysk. Dêrnjonken is der in tanimmende groep fan 8,1% dy't gjin religy hat. Hoewol't it roomsk-katolisisme djip yn 'e kultuer woartele is, giet mar in part fan 'e leauwenden geregeldwei nei tsjerke.
Befolkingsspreiding De tichtbefolke gebieten fan Meksiko binne it sintrale heechlân, dêr't de measte stêden lizze, it noardeasten en de stedske gebieten oan 'e Amerikaanske grins. De súdlike reinwâlden, de noardlike woastyngebieten en it skiereilân Neder-Kalifornje binne it tinst befolke.
Meksiko-Stêd is mei ôfstân de grutste stêd fan it lân, mei 9,2 miljoen ynwenners yn 'e stêd sels (it eardere Federaal Distrikt), en sa'n 22 miljoen yn 'e agglomeraasje. Hoewol't it ien fan 'e grutste stedske gebieten fan 'e wrâld is, is it op de wrâldranglist yntusken foarby stribbe troch stêden lykas Tokio, Delhi en Sjanghai. Oare agglomeraasjes mei mear as in miljoen ynwenners yn Meksiko binne Guadalajara, Monterrey, Puebla, Toluca, Tijuana, León, Ciudad Juárez, La Laguna en San Luis Potosí. Yn totaal wennet 81% fan 'e befolking yn stêden of stedske gebieten.
Toerisme thumb|260px|Chichén Itzá. Toerisme is ien fan 'e wichtichste boarnen fan bûtenlânske faluta foar Meksiko. It draacht foar likernôch 8,5% oant 9% by oan it Bruto Binnenlânsk Produkt (BBP). De sektor is in enoarme wurkjouwer en miljoenen Meksikanen wurkje yn 'e hoareka, it transport of as gids. It lân wurdt alle jierren troch mear as 40 miljoen ynternasjonale toeristen besocht, wêrmei't it steefêst yn 'e top 10 fan 'e wrâldranglist fan 'e UN Tourism (earder UNWTO) stiet.UN Tourism. Benammen besikers út de Feriene Steaten en Kanada foarmje in grutte groep, mar it lân kriget ek grutte oantallen toeristen út Jeropa en Súd-Amearika.
Toeristyske Sintra Meksiko kin ferdield wurde yn ferskate toeristyske regio's mei elk har eigen karakter:
De "Riviêra Maya" en Cancún oan 'e Karibyske kust, de populêrste regio foar sinne- en seetoeristen stiet bekend om de wite strannen, lúkse resorts en de cenotes (natuerlike wetterputten). De Stille Oseaan mei stêden lykas Puerto Vallarta, Mazatlán en Acapulco. De súdlike kust fan Oaxaca is populêr by surfers en ekotoeristen. Yn Neder-Kalifornje (Baja California) is benammen Los Cabos is in populêre bestimming foar Amerikaanske toeristen, bekend om de rûge rotsen en it spotten fan walfisken. De kulturele stêden yn it binnenlân lykas Oaxaca-Stêd, San Miguel de Allende, Guanajuato, Morelia en fansels Meksiko-Stêd mei koloniale arsjitektuer, de Meksikaanske koken en musea. De archeologyske fynplakken mei ruïnes fan 'e Maya's (lykas Chichén Itzá en Palenque) en de Azteken (lykas Teotihuacán).
UNESCO-Wrâlderfgoed yn Meksiko Meksiko hat ien fan 'e heechste oantallen UNESCO-wrâlderfgoedlokaasjes fan 'e wrâld. De meast bekend binne: