In organisme is homozygoot foar in beskate eigenskip as it twa identike kopyen fan in gen hat yn in gromosomespan. Dat kin ta stân komme as beide âlden itselde allel foar in gen trochjouwe oan har neiteam.

As twa (identike) homozygoate organismen hat fuortplantsje, kinne se allinnich dat gen trochjaan en is de neiteam ek homozygoat.

Kruisings Tusken gelikense homozygoaten Alden: AA en AA Geslachtssellen: A/A x A/A Neiteam: 100% AA

Tusken homozygoat en heterozygoat Alden: AA en Aa Geslachtssellen: A/A x A/a Neiteam: 50% AA en 50% Aa

Tusken ûngelikense homozygoaten Alden: AA en aa Geslachtssellen: A/A x a/a Neiteam: 100% Aa

Kategory:Genetika