thumb|220px|Hjoeddeiske tastân fan de Opstalbeam mei piramide

| thumb|220px|Grutsegel fan it Opstalbeambûn (1324) |- | thumb|220px|Aldst bekende ôfbyld fan de Opstalbeam, troch C.B. Meyer (1790) |- | thumb|220px|Fryske lannen om 1300 hinne |} De Opstalbeam (Aldfrysk: Opstallisbaem, Dútsk: Upstalsboom) wie yn de tiid fan de Fryske frijheid yn de 13e en 14e iuw it gearkomsteplak fan ôffurdigen fan de Fryske lannen, de Sân Seelannen. Hja kamen dêr gear om (pan-Frysk) rjocht te sprekken en as bûn mienskiplike besluten te nimmen. De Opstalbeam leit súdwestlik fan Auwerk, by it plak Rahe. Sûnt 1833 stiet der in stiennen piramide op de prehistoaryske grêfheuvel. De grûn en de piramide binne hjoed de dei eigendom fan de Eastfryske Lânskip.

Namme De oarsprong fan de namme is net bekend. It wurd 'Opstalbeam' kin skieden wurde. Mei 'beam' wurdt net perfoarst in heech opgeand gewaaks ornearre. It kin likegoed om in peal, ôfsetting of grins gean. 'Opstal' is in greide mei in dúdlike grins en wie mandeguod fan de mienskip.Hajo van Lengen (Hrsg.): Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende, Utjouwer 'Ostfriesische Landschaft', 2003, ISBN 3-932206-30-4, side 424

Geakundige beskriuwing It gebiet leit op in hege sângrûn (geast) dat troch gletsjers yn de Saale-iistiid opskood is. Op dy sângrûn ferriisde yn de prehistoarje in grêfheuvel. Yn de grêfheuvel binne urnen fûn út de brûns- en izertiid, dy't no bewarre wurde yn it Eastfryske Lânmuseum (Ostfriesischen Landesmuseum) yn Emden. Neffens archeologysk ûndersyk waard de hichte fan de 8e iuw ôf bebuorke. Op in skildering fan 1790 is in iik te sjen. It is net bekend oft der yn de midsiuwen begroeiïng wie op de hichte. It plak wie doe wol goed berikber oer it lân en wetter. Yn 1833 is ta oantinken oan de histoaryske betsjutting fan de Opstalbeam boppe-op de grêfhichte in piramide boud. De Opstalbeam leit hjoed de dei yn in lyts bosk. It gebiet dêromhinne wurdt foarme troch in kûlisselânskip. De Opstalbeamhichte is mei 6,8 meter it heechste punt yn it gebiet.

Skiednis Grêfheuvel Ut argeologysk ûndersyk hat bliken dien dat de grûn by Opstalbeam sûnt de 8e iuw yn gebrûk wie.Willem Kuppers (2003). Upstalsbom – der „Altar der Freiheit“. Vom Landtagsgelände der Friesen bis zur Thingstätte im Dritten Reich (s. 423). Yn Hajo van Lengen: Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende. Ostfriesische Landschaft: Auwerk. ISBN 3-932206-30-4 Wierskynlik brûkten de boeren út de omkriten de grûn om harren deaden te bedobjen. It is net dúdlik wêrom't de Friezen dizze grêfheuvel as gearkomsteplak keazen. Mooglik spile de relatyf sintrale lokaasje, tusken Fly en Wezer, in rol. Boppedat wie it plak sawol oer it wetter as oer it lân goed te berikken.Wolfgan Schwarz (2003). Die Stätte des Upstalsbooms – Die archäologische Wahrnehmung des Upstalsbooms. (s. 414-415). Yn Hajo van Lengen: Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende. Ostfriesische Landschaft: Auwerk. ISBN 3-932206-30-4

Fryske frijheid Yn de 11e en 12e iuw wie de greeflike macht ôfbroazele en dêrmei begûn it tiidrek fan de Fryske frijheid. Mei it weifallen fan 't greeflike gesach ferdwûn ek de funksje fan skelta, mar dêr foar yn de plak kaam de grytman. Yn Easterlauwersk Fryslân waard de grytman mei "redjeva" oantsjutten.<ref>E. Engelsma (2010), "De Grote Friese Oorlog, side 9.</ref> Om 1300 hinne, de bloeitiid fan de Fryske frijheid, wienen der sa'n 27 lângemeenten tusken Fly en Wezer. Dy lângemeenten ferienigen har mei it Opstalbeam-bûn yn de „Sân Seelannen“. De grytmannen/redjeven moeten inoar by de Opstalbeam om rjocht te sprekken en mienskiplike besluten te nimmen. De ôffurdigen waarden mei Peaske yn harren eigen gebiet keazen. De gearkomsten wienen ienkear yn 't jier op de tiisdei nei Pinkster. De lângemeenten waarden ornaris elk mei twa ôffurdigen fertsjintwurdige. Sa stiet yn it Iemsigoaër rjocht fan om 1300 hinne:

De earst-bekende gearkomste soe yn 1156 west hawwe oer it bylizzen fan in skeel tusken de East-Fryske goaen Östringen en Wangerlân. Dat docht bliken út skriftlike boarnen út letter iuwen en der binne gjin 12e iuwske boarnen dy't dat befêstigje. Der is wol skriftlik bewiis foar de gearkomsten tusken 1216 en 1231 en fan 1323 oant 1338. Yn dy lêste perioade waarden de akten besegele mei it grutsegel fan it Opstalbeam-bûn, it Totius-Frisiae-Segel. Yn 1323 waarden de Willekeuren fan de Opstalbeam oannommen, in poging ta unifikaasje fan it Fryske Rjocht. By de Opstalbeamgearkomste fan 1327 waarden stedsrjochten ferliend oan Appingedam. It bûn fan de Opstalbeam hold him net allinnich dwaande mei it bestjoer binnen de Fryske lannen, mar wie ek de politike fertsjintwurdiger fan de Fryske lannen nei it bûtenlân ta. De lêste oerlevering fan in gearkomste fan de Sân Seelannen by de Opstalbeam wie yn 1327. Yn Appingedam kamen fertsjintwurdigers fan de Sân Seelannen yn 1338 nochris by elkoar om in ferbûn tusken de kening fan Frankryk en de Sân Seelannen mei it grutsegel fan de Opstalbeam te besegeljen.P.J. Blok (1900). Oorkonden betrekkelijk Friesland en zijne verhouding tot Frankrijk in de 13e en 14e eeuw (s. 317-334) yn De Vrije Fries nr. 19. Frysk Genoatskip: LjouwertWilfried Ehbrecht (2003). Gemeinschaft, Land und Bund im Friesland des 12. bis 14. Jahrhunderts (s. 183-188). Yn Hajo van Lengen: Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende. Ostfriesische Landschaft: Auwerk. ISBN 3-932206-30-4

Hjoed de dei Sûnt 2000 is der wer mear belangstelling foar de Opstalbeam.Simmer-fytstocht nei Aurich, Omrop Fryslân, 15 july 2000 (sjoen op 24 jan. 2010) Sûnt 2004 organisearret it Friesisches Forum alle jierren in Opstalbeamgearkomste op de earste tiisdei nei Pinkster.13. Mai: Friesisches Treffen am Upstalsboom Yn 2005 fierde de Fryske Rie it 50-jierrich jubileum fan it Frysk manifest by de Opstalbeam. Fierders is it Dútske regear fan doel in grutte sneldyk oan te lizzen oer dit histoaryske plak.

Nijsgjirrich Yn 1925 joech de feriening 'De Opstalbeam' it tydskrift 'De Opstalbeam - Tydskrift for it Fryske libben en de Fryske striid' út. Yn it bestjoer sieten Sj. Rusticus, D. Kalma en B. Tuinstra. Argiven FLMD (PDF-triem) Yn East-Fryslân binne noch hieltyd in protte hotels te finen mei de namme Opstalbeam of 'Upstalsboom'. Fan it grutsegel fan de Opstalbeam, de Totius-Frisiae-Segel, binne trije eksimplaren oerlevere. It segel is 12 sm grut. Twa dêrfan lizze yn Bremen. It tredde en geefste eksimplaar leit yn Parys. Op de grêfheuvel stiet yn stiennen pyramide dy't dêr yn 1833 delset troch de Eastfryske Steaten (Ostfriesische Stände). Dy ynstânsje kin as foarrinder sjoen wurde fan de Eastfryske Lânskip (Ostfriesische Landschaft). De stiennen fan de piramide op de grêfheuvel komme fan in ôfbrutsen tsjerke út Auwerk.

Fierder lêze Literatuer Harke Bremer en Jarich Hoekstra: De Frouwepenje. Utjouwerij Bornmeer 2009, ISBN 978-90-5615-213-0

Fakliteratuer Fryslâns ferline. Afûk 2002 (twadde printinge), ISBN 90-6273-598-3 De Fryslannen. Fryske Rie/Afûk 2008, ISBN 978-90-6273-773-4 Pieter Gerbenzon: Apparaat voor de studie van Oudfries recht. Bewurke fan Barendina S. Hempenius-van Dijk. Gerhard Köbler: Lexikon der europäischen Rechtsgeschichte. 1997. Karl von Richthofen: Friesische Rechtsquellen''.

Keppeling om utens Upstalsboom - der "Altar der Freiheit" Oersetting fan de "buorrebrief" fan 1327, wêryn't stedsrjochten oan Appingedam ferliend waarden. Webside fan it 'Friesisches Forum', organisaasje fan de jierlikse Opstalbeam gearkomste Ljouwerter Krante: Nieuwe weg bedreigt Friese Upstalboom

Kategory:Midsiuwsk rjocht Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Skiednis fan East-Fryslân