De Parktsjerke (offisjeel: Parkkerk) is in tsjerkegebou fan 'e Baptistegemeente oan 'e Jan fan Scorelstrjitte yn Ljouwert. It tsjerkegebou út 1955 hat de status fan in gemeentlik monumint.

Skiednis De tsjerke waard yn 1955 as ienskepige sealtsjerke boud foar de grifformearde gemeente fan Huzum-West. Yn 1996 ferkochten de grifformearden it gebou oan 'e baptisten, dy't foar dy tiid harren tsjerke hiene oan 'e M.H. Trompstrjitte yn 'e Seeheldenbuert.Reliwiki.

De baptisten hawwe al sûnt 1896 in gemeente yn Ljouwert.http://parkkerk.nl/pagina/20/geschiedenis/

De baptistegemeente fan 'e Parktsjerke ferwolkomme anno 2018 sneins neffens eigen sizzen sa'n 120 folwoeksenen en 20 bern.Wie gaat waar naar de kerk?, yn: de Ljouwerter Krante, 6 septimber 2018, s. 37.

Kategory:Tsjerkegebou yn Ljouwert Kategory:Bouwurk út 1955 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân