De tendinsroman is in maatskiplik engazjearre fariant fan de psychologyske roman en draait om it útbyldzjen fan it geasteslibben fan de haadpersoan, mar tagelyk wurdt in oertsjûging propagandearre of bekritisearre of in maatskiplike misstân oan de oarder steld. It bekendste Nederlânske foarbyld is de Max Havelaar fan Multatuli.

Ek teksten dy 't beneamd wurde as didaktyske literatuer, moralistyske literatuer, sosjale literatuer, politike literatuer en propagandaliteratuer kinne beskôge wurde as foarmen fan tendinsliteratuer.Lemma Tendensliteratuur yn it Algemeen Letterkundig Lexicon, G.J. van Bork, D. Delabastita, H. van Gorp, P.J. Verkruijsse en G.J. Vis, 2012.

Foarbylden M.J.J. Exler: Levensleed, 1911 Aldous Huxley: Brave new world, 1932 Aldous Huxley: Island, 1962 Cécile de Jong van Beek en Donk: Hilda van Suylenburg, 1897 Multatuli: Max Havelaar Leon Uris: Exodus, 1955 Theun de Vries: Sla de wolven, herder, 1946

Kategory:Literêr sjenre Kategory:Roman