Fûns ( ek: Vons, Fons of Fondens ) is in buorskip yn de gemeente Ljouwert. Fûns leit op in terp benoarden Jorwert. Hy bestiet út trije pleatsen, in soarte arbeidershúske en ien wenning. De namme fan 'e buorskip soe komme kinne fan de Fonsera State, dêr't de famylje Fons wenje kind hie.

Fûns krige bûten Fryslân bekendheid neidat de skriuwer Geert Mak in boek oer Jorwert en omkriten (ynklusyf Fûns) skreaun hat.

Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings

Kategory:Jorwert Kategory:Buorskip yn Baarderadiel Kategory:Buorskip yn Littenseradiel Kategory:Buorskip yn Ljouwert (gemeente)