Rivkah op het Veld (Naarden, 21 oktober 1990) is in Nederlânsk sportferslachjouster, presintatrise, en sportsjoernaliste, dy't benammen bekend wurden is fan har wurk foar de tillefyzjeprogramma's Studio Sport en it NOS Journaal.
Libben en karriêre Karriêre Op het Veld waard yn 1990 berne yn Naarden. Nei it ôfrûnjen fan 'e middelbere skoalle folge se in sjoernalistike oplieding. Yn 2008 begûn se op 'e sportôfdieling fan 'e NOS as betsjinster fan 'e autocue. Letter wurke se bytiden ek as redaksje- en rezjyassistinte. Yn 2010 wie se in hoartsje ferslachjouster foar it programma NOS Headlines.
Nei't Aicha Marghadi yn septimber 2012 by de NOS weigie, waard hja as presintatrise fan it Sportjournaal, it sportblok fan it NOS Journaal, opfolge troch Op het Veld en Sjoerd van Ramshorst. Letter waard Op het Veld ek presintatrise fan it sportprogramma Studio Sport en fan live-útstjoerings fan grutte sporteveneminten, lykas de Omgong fan Frankryk en it tennistoernoai Roland Garros.
Yn 2014 wie Op het Veld fierders ien fan 'e presintators fan it moarnsprogramma fan 'e Olympyske Winterspullen yn Sotsji en fersoarge se ûnder it Wrâldkampioenskip Fuotbal yn Brazylje yn 'e mande mei har kollega's fan it NOS Journaal it programma NOS Zomerochtend. Yn 2016 presintearre Op het Veld de Nederlânske útstjoerings fan 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro.
Priveelibben Op het Veld folget njonken har wurk in stúdzje media en kultuer oan 'e Universiteit fan Amsterdam. Hja is lesbysk en hat in relaasje mei de eardere mearkampster Jolanda Keizer.
Keppelings om utens Rivkah op het Veld op Twitter Rivkah op het Veld op Instagram
Kategory:Nederlânsk sportferslachjouwer Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk sportsjoernalist Kategory:NOS-wurknimmer Kategory:Persoan berne yn 1990