Ljouwert wie Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. Dit evenemint, dat in fol jier duorre, waard ek wol oantsjut as LF2018 (Ljouwert/Fryslân2018). De Fryske haadstêd dielde de titel fan Kulturele Haadstêd fan Jeropa mei Valletta, de haadstêd fan Malta. It tema fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd wie 'iepen mienskip'. Hoewol't der foarôf in protte krityk wie, ferstomde dy geandewei it jier foar in grut part. Hichtpunten wiene û.m. de rige toanielfoarstellings Under de Toer, de Keatswike yn Frjentsjer, de Tall Ships' Races yn Harns, de Reuzen yn Ljouwert en it hynsteteäterspektakel De Stormruiter. Besikers joegen LF 2018 oan 'e ein fan it jier it rapportsifer 7,2 op in skaal fan 1 oant 10.

Nominaasjeproses It idee foar LF2018 kaam fan 'e eardere deputearre Jannewietske de Vries., Schoorvoetend Kwam de Mienskip in Beweging, yn: de Ljouwerter Krante, 27 jannewaris 2018, Sneon & Snein s. 5-6. Op har inisjatyf stelde oarspronklik de Provinsje Fryslân as gehiel him kandidaat foar Kulturele Haadsted 2018, mar doe't bliken die dat it beslist om in stêd gean moast, waard Ljouwert nei foarren ta skood. Dat state lykwols yn 't earstoan by de gemeenteried fan 'e gemeente Ljouwert en by de ynwenners fan 'e stêd op beswieren, om't der doe krekt op kultuer koarte wie en it sintrum foar de keunsten Parnas fuortbesunige wie. Yngripen troch boargemaster Ferd Crone brocht lykwols útkomst foar it Kulturele Haadstêdsprojekt, dat ûnder lieding fan 'e yn 2017 ferstoarne gemeente-amtner Jocco Eijssen pleatst waard, dy't yn 2013 opfolge waard troch Oeds Westerhof.

Neigeraden dat it nominaasjeproses fierder gie, ûntstie der lykwols stadichoan in beskaat entûsjasme yn Ljouwert. Behalven Ljouwert hiene har noch fjouwer Nederlânske stêden kandidaat steld. Yn 'e earste omgong foelen De Haach en Utert ôf, sadat Ljouwert it yn 'e finale opnimme moast tsjin Eindhoven en Maastricht. Earder hiene noch mar twa Nederlânske stêden har 'Kulturele Haadstêd fan Jeropa' neame mocht, te witten Amsterdam, yn 1987, en Rotterdam, yn 2001. It liek de measte waarnimmers ûnwierskynlik ta dat in provinsjestedsje as Ljouwert yn dy rige oanslute kinne soe. In ynternasjonale sjuery dy't de wediverjende Nederlânske stêden besocht en yngeand de foarstelde draaiboeken foar it evenemint ûnder de lûp naam, wie lykwols yn 2012, yn 'e earste omgong, yn Ljouwert djip ûnder de yndruk rekke fan 'e net nei te folgjen foardracht fan it gedicht De Stêd, troch de bline dichter Tsjêbbe Hettinga. Ljouwert bewissige him dêrmei fan in plak yn 'e twadde omgong, en hoewol't Hettinga it sels net mear belibje mocht, kaam sjongster Nynke Laverman doe de sjuery op 'e nij mei dat gedicht op it moed. thumb|left|250px|Promoasjefilmke foar de lanlike telefyzje.

Op 6 septimber 2013 waard yn it gebou Felix Meritis, te Amsterdam, de úteinlike kar fan 'e sjuery bekendmakke. Ta ferheardens fan 'e measte waarnimmers, en ta ferbjustering fan 'e fertsjintwurdigers fan Eindhoven en Maastricht, foel dy kar op Ljouwert. It byld fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma en deputearre Jannewietske de Vries, dy't inoar fuort dêrnei út blydskip yn 'e earmen foelen, waard neitiid noch faak sjen litten. Wylst de ferliezers teloarsteld op hûs oan giene, waard doe op 'e Westertoer de Fryske flagge útstutsen.

Tarieding en organisaasje De tarieding fan LF2018 gie nei de oerwinning yn it nominaasjeproses mei faasje fan start. Foar de organisaasje waarden benammen net-Friezen oanlutsen, om "in frije, ûnbelêstge blik op stêd en provinsje te bewissigjen." De saaklike lieding kaam yn 'e hannen fan 'e Gelderlanner Ton F. van Dijk, wylst foar de artistike lieding de Flaming Lieven Bertels frege waard. Dy beiden kamen oan it haad te stean fan in groep fan sa'n tweintich meiwurkers, dy't se sels útkieze koene. De organisaasje krige as útfalsbasis de Blokhúspoarte. Daliks waard 'de mienskip' oproppen om inisjativen yn te tsjinjen foar it projekt, mar op dat punt begûnen de earste swierrichheden. It waard nammentlik al rillegau dúdlik dat lang net alle yntsjinne inisjativen yn it projekt opnommen wurde kinne soene. Boppedat wriek him de breklike kommunikaasje fan 'e organisaasje nei bûten ta trochdat de yntsjinners fan 'e inisjativen oer it algemien har plannen ferwachten te bekostigjen mei jild dat se fan 'e organisaasje krije soene, wylst it de bedoeling wie dat de inisjatyfnimmers sels foar jild soargje soene.

In fierdere grutte tsjinslach kaam yn septimber 2015, doe't Van Dijk him fanwegen sykte weromlûke moast. Dêrop waard troch de ried fan tafersjoch, ûnder lieding fan Wiebe Wieling, oan Bertels behalven de artistike ek de saaklike lieding oer it projekt tabetroud. Bertels miste lykwols as bûtensteander de stipe fan immen út Fryslân, sa't er sels yn july 2017 oanjoech, mei't 'de mienskip' dochs net sa maklik te oertsjûgjen bliek as dat men blykber ferwachte hie. Underwilens hied er al mei súkses yn 'e Feriene Steaten nei in baan mei mear prestiizje sollisitearre. Sadwaande sette er mei stille tomme ôf, om daliks opfolge te wurden troch Tjeerd van Bekkum, dy't foar de lieding oer LF2018 syn amt as boargemaster fan Smellingerlân opjoech. Dizze stuolledûns wie foar de bûtenwacht min út te lizzen, ek al ûntpopte Van Bekkum himsels as in súksesfol krisismanager.

Krityk foarôf De kar foar Ljouwert as Kulturele Haadstêd hat oanhâldend ûnderwerp fan krityk west, ûnder mear fanwegen de hege kosten en it feit dat de Fryske bestjoerders de lêste desennia los fan dit projekt mar in bytsje jild yn 'e Fryske kultuer en natoer stutsen hawwe soene., Geen geld voor Friese natuur, wel voor vaag evenement, yn: De Volkskrant, 22 desimber 2015, De Kleine Wereld van Gunnar Daan, yn: NRC Handelsblad, 30 oktober 2016 It tema 'iepen mienskip' hat ek foar in protte opskuor soarge,, Er komt een gedrocht op de markt van Dokkum, yn: NRC Handelsblad, 29 jannewaris 2016 net yn it lêste plak troch krityk fan Ton F. van Dijk, nota bene de eardere projektlieder fan it Kulturele-Haadstêdevenemint.<ref>[http://www.lc.nl/friesland/Oud-CH18-baas-Mienskip-bestaat-niet-22055472.html Oud CH18-baas: 'Mienskip bestaat niet, yn: de Ljouwerter Krante, 10 maart 2017]</ref> Ek it feit dat frijwol it hiele projekt en de organisaasje derfan troch lju fan bûten Fryslân dien waarden, late ta in soad ferûntweardiging.Riemer van der Velde kritisch op CH2018, op 'e webside fan Omrop Fryslân, 9 april 2017, Fonteinen in de Elf Friese Steden, yn: de Ljouwerter Krante, 30 septimber 2015, s. 16 Kabaretier Jan Jaap van der Wal, berne yn Ljouwert, neamde it projekt "dramatysk", de organisaasje "faach" en de plannen "gelul".Plannen Leeuwarden Verbazen Jan Jaap, RTL Late Night, 11 maart 2015Jan Jaap van der Wal kraakt KH2018 af, yn: de Ljouwerter Krante, 12 maart 2015

Fierders wie der noch it projekt Eleven Fountains ("Alve Fonteinen"), wêrby't alle alve Fryske stêden in eigen fontein krigen (of opkrongen waard) as ûnderdiel fan it Kulturele-Haadstêdevenemint. Ek dêr kaam in protte krityk op, ek yn 'e lanlike media.Friesland en de 11 Fonteinen, yn: Eenvandaag, 18 febrewaris 2017, 'Piemelfontein' tegen autoritaire besluitvorming Leeuwarden-2018, yn: it Algemeen Dagblad, 27 maart 2017 Weromkearende striidpunten yn 'e diskusje oer dizze fonteinen wie it brekme oan draachflak yn 'e mienskip, de pleatsing pontifikaal yn lytse wenkearnen as Sleat, Starum en Hylpen, en it feit dat de mienskip opdraaie moat foar de kosten fan in fontein dêr't net om frege is.Duitse kunstenaar oriënteert zich op fontein Sneek, op de webside fan Omrop Fryslan, 14 maart 2016, Elf Friese fonteinen zijn niet Fries maar wel related to their history, yn: NRC Handelsblad, 7 maart 2017 Mids jannewaris 2018 drigen bewenners fan 'e Ljouwerter wyk Wielenpôle om 'e oansteande iepening fan LF2018 te fersteuren mei in demonstraasje as de Gemeente Ljouwert net mei harren yn petear gean woe oer de fraach wat de gemeente foar harren wyk dwaan soe. It frustrearre de Wielenpôlsters nammentlik dat der hûnderttûzenen euro's útjûn waarden oan in "kultureel festijn", wylst de gemeente syn earmste wyk yn 'e kjeld stean liet. Boargemaster Ferd Crone sei daliks ta mei de Wielenpôlsters prate te wollen, wêrmei't it gefaar fan in demonstraasje weinommen waard.——, Wielenpôlle Dreigt met Demonstratie, yn: de Ljouwerter Krante, 25 jannewaris 2018.

Oare wederwarichheden foarôf Op 17 jannewaris 2018, noch foàr de iepeningsseremoanje fan it projekt, berjochte de organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 dat de promoasje fan it evenemint "no al in súkses" wie. Dêrby bliek it benammen om promoasje yn it bûtenlân te gean. Wurdfierder Oeds Westerhof sei dy deis by in petear mei in delegaasje fan 'e Twadde Keamer dat men foarôf ien miljoen Dútsers berikke wollen hie, mar dat dat no al slagge wie mei trije miljoen. Oare lannen dêr't de organisaasje fan KH2018 him by de promoasje op konsintrearre, wiene Flaanderen, it Feriene Keninkryk en Japan., Promotie Culturele Hoofdstad "Nu Al Succes", yn: de Ljouwerter Krante, 17 jannewaris 2018. Trije dagen letter, op 20 jannewaris makke de Stifting Slachtemaraton lykwols bekend dat de spesjale edysje fan 'e Slachtemaraton, dy't yn it ramt fan KH2018 mei oanpaste rûte pland wie, net trochgie. De reden dêrfoar wie dat har fierstente min dielnimmers oanmeld hiene: foar it folle, twadeistich parkoers 3.500 en foar de iendeisrûte mar 2.000 (ta ferliking: oan 'e Slachtemaraton fan 2016 diene 13.500 minsken mei). Mei sa'n bytsje rinders leanne it de muoite net om troch te gean mei it evenemint, dat foar de frijwilligers fan 'e organisaasje in bealchfol wurk opsmite soe., "Afblazen Slachte Wijzer Dan Doorgaan", yn: de Ljouwerter Krante, 20 jannewaris 2018, s. 3.

Iepening Valletta V18 (it susterprojekt fan LF2018) waard yn Valletta op sneontejûn 20 jannewaris iepene mei in grut opset feest mei in protte akrobatyk en fjoerwurk. Der kamen 80.000 minsken op ôf dy't op fjouwer pleinen yn 'e stêd in spektakulêr program te sjen krigen mei reuseftige sirkusacts en moderne dûns. Fierders waard yn in grutte fideoprojeksje op 'e gevel fan 'e Herberge fan Kastylje (Berġa ta' Kastilja), de residinsje fan 'e premier fan Malta, de skiednis fan it lân foar it fuotljocht brocht. Fertsjintwurdigers fan LF2018, wêrûnder bestjoerder Wiebe Wieling en direkteur Tjeerd van Bekkum, wiene ûnder de yndruk, mar seagen ek dingen, benammen op it mêd fan crowd management, dy't yn Nederlân nea kinne soene. Sa slingeren akrobaten tsientallen meters boppe it publyk oan in kraan, en soarge de opstelling fan brassbands hjir en dêr foar flessehalzen mei gedrang ta gefolch. It meast ymposante ûnderdiel fan 'e iepening fan V18 wie de foarstelling Rise of the Tritons, mei as mulpunt de foar dit projekt folslein restaurearre Tritonfontein, fuort bûten de Stedspoarte fan Valletta., Valletta Biedt Spektakel, Leeuwarden "Gevoel", yn: de Ljouwerter Krante, 22 jannewaris 2018, s. 1.

Ljouwert De iepening fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa yn Ljouwert fûn plak op 'e jûn fan sneon 27 jannewaris, persiis in wike nei de iepening fan V18 yn Valletta. De jûns tefoaren waard dêr al in foarskot op nommen, doe't yn doarpen en stêden yn hiel Fryslân de saneamde 'Waarme Winterjûnenocht' holden waard, wêrby't oeral museä, teäters, bibleteken en partikulieren har doarren iepenen foar publyk. De belangstellenden waarden ûnthelle op libbens-, reis-, doarps- en spûkferhalen. Yn De Hoeve, dat him 'Kultureel Haaddoarp 2018' neame mei, gie dat mank mei it ôfstekken fan fjoerwurk en in grut freugdefjoer dêr't Aïda út ferriisde., Het Gaat Beginnen!, yn: de Ljouwerter Krante, 27 jannewaris 2018, s. 1.