It Famke is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858), dy't derta ynspirearre waard troch it Dútsktalich fers. It waard foar it earst publisearre yn 1822, as ûnderdiel fan lytse ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. It Famke is in lofsang fan in nammeleaze ik-persoan op 'e uterlike en ynderlik skientme fan syn faam.

Tekst It Famke

Myn famke kipet gol en blier Ut har twa blauwe eagen. Hja is sa mûtel, glêd en tier; In flodder draacht se nei de swier, In kyps mei syd'ne beagen.

En om 'e sêfte hals in string Fan moaie reade kralen: Dêrfoare yn in gouden ding, It flikkert as in stjerrekring, Mei stientsjes gleon fan stralen.

Mar boppe pearel of robyn Blinkt jit har spitsich kintsje: In dobke stiet der middenyn Har wankjes binne waarm en fyn As 't iere foarjierssintsje. En fan dy leave kralestring, Dêr wynt in slinke hinne, Mar wêr't dy slinke hinne wynt, En wat dêr efter 't jakje tynt, Dat wit hja mar allinne.

Har tútsje – o, sa weak, sa hjit, Dat wit ik mar allinne. In ryg'le toksen geef as kryt, Beseamd mei lipkes read en wyt As 't Berlts'mer kersen binne.

En jit by al dy snipperheid Fan klean en ien en oare, Sa hat s' in fromme, froede sin, De kreazens fan in wjitten hin, De blierens fan Auroare.

Mar wat jit swieter is as swiet, Dat kin nin bloarre priuwe. Want is hja tsjep en smûk en moai, En hat har kantens mjitt' noch roai, Hja wol it sels net leauwe.

Kategory:Literêr wurk fan de bruorren Halbertsma Kategory:Frysktalich gedicht Kategory:Gedicht út 1822