It Deagraverssankje is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858), dat ynspirearre waard troch in earder fers fan 'e Dútske dichter Ludwig Hölty (1748-1776). It waard foar it earst publisearre yn 1822, as ûnderdiel fan 'e lytse ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. It Deagraverssankje is monolooch fan in deagraver dy't de fergonklikheid fan it minsklik libben yn him omgean lit.
Tekst Deagraverssankje
Lodde, lodde en modder, Deawurks ark en reau, Dêr't ik earme bodder Mannich grêf mei kleau!
Modder, grêf en lodde! 't Needbrea, dat ik ha, Wyt ik skeppe en lodde, Grêf en modder ta.
Earme en rike ljuwe Tsjenn' hjir op my oan. Minske! Hjir moast bliuwe, Boer en kenings soan. Smoarge kop mei hierren, Leist dêr op 'e flier? Blank – foar trije jierren, As s' in ingel wie.
Tûzen jonge feintsjes Sobben har de hân; Stauwen mei har weintsjes Om sa'n byld troch 't lân.
'n Do, fermôg'le plasse, Nimmen knikst goendei Wêr binn' no dyn skatten? Wêr dyn grutheid? Wei!
Lodde, lodde en modder! Jou my brea en rêst; Jou my, earme bodder, 'n Grêf, in grêf foar 't lêst.
Kategory:Literêr wurk fan de bruorren Halbertsma Kategory:Frysktalich gedicht Kategory:Gedicht út 1822