Piet Hemminga (folút: Pieter Hemminga; Aldehaske, 19 novimber 1946) is in Frysk bestjoerskundige en publisist, ûnder mear op it mêd fan de Fryske taal.

Libben en karriêre Hemminga waard yn 1946 berne yn Aldehaske. Hy studearre sosjale wittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins en ûntlei him neitiid ta bestjoerskundige. Fan 1976 oant 1991 wied er direkteur fan de Fryske Kultuerried, en fan 1989 oant 2000 wied er earst lid en letter foarsitter fan de Programmaried fan Omrop Fryslân.

Fierders wie Hemminga fan 1993 oant 2011 ferbûn oan de Fryske Akademy, wêrfoar't er ûnder mear lêzings hold oer saken as gemeentlike weryndieling, provinsjale polityk en taalbelied. Yn 2000 ferskynde fan him it boek Het Beleid inzake Unieke Regionale Talen, wêrfoar't er de ferhâlding tusken minderheidstaal en oerheid op it mêd fan it Frysk, it Noardfrysk en it Sorbysk mei-inoar ferliek. Dat wie in proefskrift wêrmei't er datselde jiers oan de Universiteit fan Amsterdam promovearre.

Wurk 2000 – Het Beleid inzake Unieke Regionale Talen 2001 – De Aktuele Steat fan Fryslân 2008 – Fryslân: Fêstens en Feroaring (yn: De Fryslannen, û.red.f. Sytze T. Hiemstra) 2010 – Management fan it Fryske Taalbelied 2011 – Alarmfaze Oranje: De Fryske Oerheid yn de 21ste Ieu

Kategory:Frysk bestjoerskundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Aldehaske Kategory:Persoan berne yn 1946