De Canadian Country Music Association ("Kanadeeske Feriening foar Countrymuzyk") is in Kanadeeske organisaasje dy't him ynset foar it útdragen en de fierdere ûntwikkeling fan 'e countrymuzyk yn Kanada. It is in feriening dy't yn 1976 oprjochte waard as de Academy of Country Music Entertainment (ACME). Yn 1987 waard de organisaasje omneamd ta syn hjoeddeistige namme.

Canadian Country Music Awards De Canadian Country Music Association is it bekendst om 'e Canadian Country Music Awards, dy't sûnt 1982 op jierlikse basis útrikt wurde yn in tal kategoryen dat troch de jierren hinne oan feroaring bleatstien hat. Yn 2016 wiene der trettjin kategoryen: manlike artyst fan it jier froulike artyst fan it jier groep of duo fan it jier opkommende stjer roots-artyst of -groep fan it jier ynteraktive artyst fan it jier lietsjeskriuwer(s) fan it jier album fan it jier bêstferkeapjende album bêstferkeapjende Kanadeeske album single fan it jier fideoklip fan it jier publykspriis Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Canadian Country Music Association

Kategory:Kanadeeske muzykorganisaasje Kategory:Kanadeeske feriening Kategory:Countrymuzykorganisaasje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1976