thumb|Lizzing fan Meierijstêd

Meierijstêd (Nederlânsk: Meierijstad) is in gemeente yn de provinsje Noard-Brabân. De gemeente leit yn it noardeasten fan de provinsje. De gemeente bestiet sûnt 1 jannewaris 2017 en is ûntstien troch it gearfoegjen fan trije gemeenten. It gie om de gemeenten Schijndel, Sint-Oedenrode en Veghel.

Meierijstêd hat 79.633 ynwenners en is mei in oerflak fan 185,52 km² de grutste gemeente fan Noard-Brabân.

Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2017