Jacob (Jaap) van der Meij (Amsterdam, 1 septimber 1923 – Tortellà (Olot), 1 juny 1999) wie in Nederlânsk byldhouwer, keunstskilder en monumintaal keunstner.RKD

Libben en wurk Van der Meij waard berne yn Amsterdam út Amelanner âlden. Hy wie in soan fan keapfardijkaptein Jacob van der Meij en Sijtske Molenaar. Hy krige syn oplieding oan it Instituut Opleiding tot Tekenleraren en by perfester Heinrich Campendonk oan de Ryksakademy yn Amsterdam. Dêrnei studearre er fierder oan it Gents Hoger Instituut Schone Kunsten. Van der Meij syn wurk is fral yn Noard-Nederlân te finen; it oeuvre bestiet ûnder oaren út reliëfs en plastiken fan beton, somtiids kombinearre mei glês of hout. Hy wie dosint oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert.

Van der Meij wenne ûnder mear yn Amsterdam, Schoonhoven, Meppel en fan 1961 ôf yn Fryslân. Yn 1963 naam er de Adelstsjerke yn Ald-Beets as atelier yn gebrûk, letter hie er syn wurkpleats yn in skuorre yn Ketlik. Fan 1987 ôf oan wenne er yn Spanje, dêr't er yn de âldens fan 76 jier ferstoar. Hy waard beïerdige yn Hollum.

Wurk (in kar) reliëf Monument voor de mens (1965), Ljouwert mozayk (1965) LOM-skoalle Fiducia, Groningen waterdiertjes (1968) foar swimbad yn Bakkefean sûnder titel (1968), De Jouwer sûnder titel (1970) bij OSG Sevenwolden in It Hearrenfean wetterskulptuer (1971), Wolvegea De starter (1972), Ljouwert Groeisymbool (1972), Grins Koning van de wadden (1972), yn Delfsyl Levende ent (1973), De Gerdyk Aardschotel (1974), Oerterp Heilige grond (1976), Bergum sûnder titel (1976) by ferpleechhûs oan de Zonnelaan in Grins Groeiplastiek (1977), Dokkum Drie figuren (1979), Dokkum

Galery

Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Amelânsk persoan Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn yn 1999