Glenda Larke (wiere namme: Glenyce Larke; yn West-Austraalje, 1945)Bloch fan Glenda Larke (leeftyd neamd yn Larke har reäksje op 'e taspraak fan politika Pauline Hanson) is in Australysk skriuwster fan fantasyromans.

Libben en karriêre Larke waard 1945 berne yn 'e Australyske steat West-Austraalje, dêr't se opgroeide op in isolearre boerespultsje yn 'e outback. Hja behelle in bachelortitel yn skiednis en in diploma yn ûnderwiiskunde oan 'e Universiteit fan West-Austraalje yn Perth.

Larke is troud en hat twa bern. Har man, dy't moslim is, wurket foar de Feriene Naasjes, en sadwaande hat it gesin jierrenlang om utens wenne, yn Eastenryk, Tuneezje en Maleizje. Larke hat lesjûn yn Wenen en op ferskate plakken yn Tuneezje en Maleizje. Yn 2008 wenne Larke mei man en bern yn 'e Maleizyske haadstêd Kuala Lumpur.

Larke har earste roman, Havenstar, waard yn 1998 publisearre troch de Britske útjouwerij Virgin Worlds. Dêrfoar makke hja gebrûk fan har trounamme Glenda Noramly. Yn 2003 waard har twadde boek, The Aware, yn Austraalje publisearre ûnder har famkesnamme Glenda Larke.

The Aware wie it earste diel fan 'e Isles of Glory-trilogy, en wie in finalist foar de Aurealis Award fan 2003 yn 'e kategory bêste fantasyroman. Ek The Tainted, it trêde diel fan dy trilogy, Heart of the Mirage en Song of the Shiver Barrens, it earste en trêde diel fan Larke har Mirage Makers-trilogy, en The Last Stormlord, it earste diel fan har Watergivers-trilogy, wiene finalisten foar dyselde priis.

Larke skriuwt ek non-fiksje, dy't ornaris bestiet út artikels op it mêd fan natoerbeskerming en natoerbehear, yn 't bysûnder yn ferbân mei fûgelsoarten. Dy artikels publisearret se foar it meastepart yn Maleizyske tydskriften. Fierders hâldt se op Blogspot.com in eigen blôch by ûnder titel Tropic Temper ("Tropysk Temperamint").

Wurk 1998 – Havenstar (as Glenda Noramly) The Isles of Glory-trilogy 2003 – The Aware 2004 – Gilfeather 2004 – The Tainted The Mirage Makers-trilogy 2006 – Heart of the Mirage 2007 – The Shadow of Tyr 2007 – Song of the Shiver Barrens The Watergivers-trilogy (soms ek oantsjut as The Stormlord-trilogy) 2009 – The Last Stormlord 2010 – Stormlord Rising 2011 – Stormlord's Exile The Forsaken Lands-trilogy 2014 – The Lascar's Dagger 2015 – The Dagger’s Path 2016 – The Fall of the Dagger 2023 – The Tangled Lands

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2003Aurealis Awardfinalistebêste fantasyromanThe Aware2004Aurealis Awardfinalistebêste fantasyromanThe Tainted2006Aurealis Awardfinalistebêste fantasyromanHeart of the Mirage2007Aurealis Awardfinalistebêste fantasyromanSong of the Shiver Barrens2009Aurealis Awardfinalistebêste fantasyromanThe Last Stormlord

Keppelings om utens Offisjele webside fan Glenda Larke Bloch fan Glenda Larke

Kategory:Australysk romanskriuwer Kategory:Australysk fantasyskriuwer Kategory:Australysk publisist Kategory:Australysk blogger Kategory:Persoan berne yn 1945