Nynke de Jong (Goaiïngea, 16 maart 1985) is in Nederlânsk sjoernaliste en skriuwster fan Fryske komôf.
Wurkpaad De Jong skreau ûnder mear foar de kranten nrc.next en de Ljouwerter Krante en de tydskriften Viva, Red en Santé en ek foar 3FM. Teffens is se ghostwriter/copywriter en hat se twa boeken op har namme brocht. Se is geregeldwei tafeldame yn DWDD en wie te sjen yn Kun je het al zien?. Se skreau ek de telefyzjefilm Lang zal ze leven (2011) en is haadredakteur fan Pedala Magazine. De Jong is kollumniste yn it Algemeen Dagblad en foar de LINDA, Kek Mama en Viva Mama.
Yn 2015 waard hja twadde yn de telefyzjekwis De Slimste Mens. Sûnt april 2017 is se mei Hanneke Hendrix, Alex van der Hulst en Anne Janssens gastfrou (host) fan de podcast Ik ken iemand die. Dizze podcast makket it fjouwertal by podcastnetwurk Dag en Nacht Media. Yn 2018 ferskynden de bêste ferhalen fan de podcast yn boekfoarm. Sûnt jannewaris 2021 is De Jong ien fan de Champions yn it kwisprogramma Beat the Champions dat útstjoerd wurdt troch RTL 4.
Privee De Jong gie nei it Bogerman College yn Snits, studearre Nederlânsk oan Universiteit Utert en wennet mei har man en twa bern yn Zwolle.
Bibliografy 2011 – Vrouw en Fiets (mei Marijn de Vries), ISBN 978 90 2041 041 9 2012 – Vrouw kijkt Sport, ISBN 978 90 2041 272 7 2018 - Ik ken iemand die, ISBN 978 90 0036 033 8 2025 – Alle geschiedenis ooit - Nederland (mei Arco Gnocchi, Thom Aalmoes en Andrea Huntjens),
Telefyzje 2003 - Under fjoer - fêst panellid 2015 – Kun je het al zien? - fêste gast 2015 – De Slimste Mens - kandidaat 2021-no – Beat the Champions - Champion 2022 – Volg je me nog? (kwis) - teamcaptain 2022 - De Slimste Mens: All Stars - kandidaat 2022 - The Connection - kandidaat 2022 - Fout maar goud - gast 2024 - Het vuur van de Friezen
Keppeling om utens Hiemside Persoanlike webside mei kollumns oer telefyzje
Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Frysk senarioskriuwer Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Frysk kommentator Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk senarioskriuwer Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk kommentator Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Goaiïngea Kategory:Persoan berne yn 1985