Feldberger Seenlandschaft ('gebiet fan de marren fan Feldberch') is in gemeente yn de Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren, en is part fan it Landkreis Meklenburchske Seenplatte.
Op 13 juny 1999 waarden de stêd Feldberg en de gemeenten Conow, Dolgen, Lichtenberg en Lüttenhagen meiïnoar de nije gemeente Feldberger Seenlandschaft.
It toerisme is in wichtige boarne fan ynkomsten.
Krekt nei de Twadde Wrâldoarloch waard de skriuwer Hans Fallada, dy't yn dy tiid yn Feldberg wenne, foar 18 moannen beneamd ta waarnimmend-boargemaster.
Wenkearnen Plakken yn de gemeente binne: Cantnitz Carwitz Conow Dolgen Feldberg Fürstenhagen Gnewitz Gräpkenteich Hasselförde Koldenhof Krumbeck Labee Laeven Lichtenberg Lüttenhagen Mechow Neugarten Neuhof Rosenhof Schlicht Schönhof Tornowhof Triepkendorf Waldsee Weitendorf Wendorf Wittenhagen Wrechen
It eardere doarp Krüselin is ûnbewennen sûnt 1945.
Berne yn Wrechen Irma Grese, SS-kampbewekster.
Kategory:Gemeente yn Meklenburch-Foarpommeren Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1999