Foarfallen jannewaris 1 - Lychtenstein fiert it homohoulik yn. 1 - Bulgarije en Roemeenje wurde lid fan 'e Schengensône. 1 - Nei it ôfrinnen fan in kontrakt dat it lân dêrta ferplichte, leit de Oekraïne alle trochfier fan Russysk ierdgas oer syn grûngebiet nei Jeropa stil. 1 - By in oanslach yn 'e Amerikaanske stêd New Orleans komme 15 minsken om (de dieder ynbegrepen) en reitsje 35 oaren ferwûne as in oanhinger fan 'e terroristyske organisaasje Islamityske Steat (IS) op in minskemannichte ynriidt dy't it nijjier fiert. 1 - By in sjitpartij yn 'e Montenegrynske stêd Cetinje komme 13 minsken om en reitsje 3 oaren ferwûne as in man yn it wylde wei om him hinne begjint te sjitten. 6 - De Kanadeeske premier Justin Trudeau kundiget syn ôftreden oan om't er net mear genôch stipe hat binnen syn eigen partij. 7 - It troch de Folksrepublyk Sina besette Tibet wurdt troffen troch in ierdbeving fan 7,1 op 'e skaal fan Richter. Der komme sa'n 400 minsken om mei nochris sa'n selde oantal lju dat ferwûne rekket. 7-31 - Yn 'e regio fan Los Angeles, yn Súdlik Kalifornje, hâlde de meast ferneatigjende natoerbrannen út 'e skiednis fan 'e krite hús. Der komme 29 minsken om en mear as 13.000 gebouwen baarne út, it meastepart fan it bekende Sunset Boulevard ynbegrepen. Sa'n 180.000 minsken wurde evakuëarre. 11 - By de ûntploffing fan in benzinestasjon yn Al-Bayda, yn Jemen, komme 40 minsken om. 15 - Nei wiken fan ympasse slagget it de plysje fan Súd-Koreä einlings om it Blauwe Hûs, de presidinsjele residinsje, binnen te kommen en presidint Yoon Suk-Yeol te arrestearjen foar dy syn mislearre steatsgreep yn begjin desimber. 15 - Israel en de Palestynske fersetsbeweging Hamas komme nei mear as 13 moannen einlings in nij sjitferbod oerien yn harren konflikt yn 'e Gazastripe. 18 - As yn Suleja, yn Nigearia, in strâne tankwein ûntploft dêr't lju benzine út oan it ôftaapjen binne, komme 99 minsken om. 19 - It sjitferbod tusken Israel en de Palestynske fersetsbeweging Hamas yn harren konflikt yn 'e Gazastripe giet yn. 20 - Yn Washington, D.C. wurdt Donald Trump ynsward as de 47e presidint fan 'e Feriene Steaten. 21 - By in brân yn in hotel yn it Turkske wintersportoard Kartalkaya komme 78 minsken om. 23 - Tailân fiert it homohoulik yn. 24 - De stoarm Éowyn brekt alle rekôrs yn Ierlân mei wynfaasjes fan 183 km/h. Mear as in miljoen wenten komme sûnder stroom te sitten, mar der komt mar ien persoan om it libben. 24 - By in grutte brân yn Frjentsjer geane santjin oldtimers ferlern. 25 - By in ynbraak yn it Drintsk Museum yn Assen wurdt û.m. de Dasyske goudene Helm fan Coțofenești stellen, ien fan 'e wichtichste argeologyske erfstikken fan Roemeenje, dy't yn Nederlân te lien is. 26 - By de presidintsferkiezings yn Wyt-Ruslân wurdt troch wiidweidige stimbusfraude en yntimidaasje fan it elektoraat diktator Aleksander Lûkasjenko op 'e nij ta presidint "keazen". 27 - It Sineeske bedriuw DeepSeek set de I.T.-wrâld op 'e kop as it bekend makket dat de ûntwikkeling fan 'e eigen keunstmjittich yntelliginte chatbot mar $6 miljoen koste hat. It ding liket teminsten likegoed te wêzen as ChatGPT fan it Amerikaanske OpenAI, dat miljarden koste hat. Wrâldwiid ferlieze I.T.-bedriuwen op 'e effektebeurzen foar miljarden dollars oan wearde. 29 - Yn de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. komme by in loftbotsing boppe de rivier de Potomac in Bombardier CRJ700-ferkearsfleantúch en in Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopter fan it Amerikaanske Leger mei-inoar yn botsing. Beide tastellen komme del yn 'e rivier en alle 67 ynsittenden (64 yn it fleantúch, 3 yn 'e helikopter) komme om it libben. 31 - By Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, stoart koart nei it opstiigjen in Learjet 55 del. Alle 6 ynsittenden komme dêrby om.
febrewaris 4 - By in sjitpartij yn it Sweedske Örebro komme 11 minsken om (ynkl. de skutter), en reitsje nochris 15 oaren ferwûne. 4 - De Amerikaanske presidint Donald Trump makket bekend dat er fan doel is om 'e Gazastripe te anneksearjen, de hiele Palestynske befolking te deportearjen en der de "Riviêra fan Midden-Easten" fan te meitsjen. Sawol yn eigen lân as om utens wurdt syn plan mei ferbjustering ûntfongen en as folslein ûnreälistysk beskôge. 10 - Der komme teminsten 55 minsken om as by in busûngemak in autobus by in brêge delrekket oer de rivier de Las Vacas yn Gûatemala. 13 - By it Grinslânske Usquert hat in ierdbeving plak fan 2,2 op de skaal fan Richter. 18 - De Amerikaanske presidint Donald Trump beslút om wer diplomatike betrekkings mei Ruslân oan te gean. 23 - By parlemintsferkiezings yn Dútslân komt de konservative CDU/CSU as winner út 'e bus. Partijlieder Friedrich Merz wurdt de nije bûnskânselier. De op ien nei grutste partij, mei rûchwei 20% fan 'e stimmen, wurdt it ekstreem-rjochtse AfD, dat in neo-nazistyske fleugel hat. 28 - In moeting fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump mei de Oekraynske presidint Volodymyr Zelensky yn it Wite Hûs yn Washington, D.C. rint folslein mis as Trump en syn fise-presidint J.D. Vance harren gast foar de kamera's op groteske wize ferwiten begjinne te meitsjen en it leksum lêze. Yn Jeropa wurdt dizze "mûklaach", sa't it barren yn 'e media omskreaun wurdt, sjoen as de earste stap fan it definitive ferrie fan 'e Oekraïne troch Trump.
maart 3 - De Amerikaanske presidint Donald Trump skoarret alle militêre help oan 'e Oekraïne op. 4 - It Amerikaanske biotechnologybedriuw Colossal Bioscences kreëarret in hûsmûs mei beskate lichaamlike eigenskippen fan 'e wolhierrige mammoet (de saneamde "wolhierrige mûs") as stap op 'e wei nei it ûnútstjerren fan 'e wolhierrige mammoet. 4 - Sûdaan klaget de Feriene Arabyske Emiraten oan by it Ynternasjonaal Gerjochtshôf foar genoside yn 'e Sûdaneeske regio Darfoer. De Feriene Arabyske Emiraten jouwe militêre stipe oan 'e Flugge Understipingskrêften (RSF), in milysje ferantwurdlik foar de genoside, dêr't it Sûdaneeske regear mei yn boargeroarloch is. 6 - By in grutte brân yn it sintrum fan Arnhim geane tsien gebouwen werûnder in tal ryksmonuminten út de 19e iuw ferlern. 6 - By it Belgyske La Louvière stoart by de sloop fan in brêge oer it Centrumkanaal, by ûngelok in part fan de brêge yn, werby't ien meiwurker om it libben komt en twa meiwurkers ferwûne reitsje. 8 - Nei ferskate skermutselings mei rebellen dy't trou binne oan it rezjym fan 'e eardere diktator Basjar al-Assad, rjochtsje troepen fan it nije Syryske regear yn 'e noardwestlike kuststripe fan it lân in bloedbad oan ûnder alawiten, de religieuze minderheid dêr't Assad ta heart. 10 - Op de Noardsee foar de kust fan it Ingelske Hull komme it frachtskip de Solong en de tanker de Stena Immaculate mei-inoar yn botsing, beide skippen reitsje as gefolch dêrfan yn 'e brân. 11 - Rodrigo Duterte, de eardere presidint fan 'e Filipinen, wurdt arrestearre en útlevere oan it Ynternasjonaal Strafhof yn De Haach om berjochte te wurden foar misdieden tsjin 'e minsklikheid. Dy soed er ûnder syn regear begien hawwe troch drugsdealers en drugsferslaafden sûnder oansjens des persoans fermoardzje te litten troch spesjale moardeskaders. 16 - By in brân yn in nachtklub yn it Noardmasedoanyske Kočani komme teminsten 59 minsken om en reitsje 155 oaren ferwûne. 16 - Yn it Limburgske Falkenburch stoart de Wilhelminatoer yn, in ryksmonumint út 1906.L1 nieuws, 16-3-2025, Valkenburgse Wilhelminatoren ingestort, oorzaak nog onduidelijk Riedplachte op 16-3-2025 18 - Nei't de militante Palestynske beweging Hamas wegere hat om ôf te wiken fan 'e ôfspraken sa't dy fêstlein binne yn it yn jannewaris yngiene sjitferbod yn it konflikt yn 'e Gazastripe, brekt Israel it sjitferbod en set útein mei in wiidweidige kampanje fan bombardeminten. 19 - Recep Tayyip Erdoğan, de presidint fan Turkije, lit de lieder fan 'e opposysje en syn wichtichste politike rivaal by de kommende presidintsferkiezings, de boargemaster fan Istanbûl Ekrem İmamoğlu, oppakke, sabeare foar korrupsje. Yn stêden yn it hiele lân geane minsken yn de folgjende wiken de strjitte op om te demonstrearjen. 27 - By in stekpartij op De Dam yn Amsterdam reitsje fiif minsken earnstich ferwûne. De plysje giet derfan út dat de frijwol daliks oppakte fertochte hannele út in terroristysk motyf. 28 - By in swiere ierdbeving yn Birma fan 7,7 op 'e skaal fan Richter wurdt yn dat lân en teffens yn it oanbuorjende Tailân gâns materiële skea oanrjochte. Der komme teminsten 4.900 minsken om en teminsten 6.600 oaren reitsje ferwûne. It episintrum fan 'e beving leit by Mandalay, yn it midden fan Birma. 31 - Yn Kurasau en Sint-Marten wurdt de Antiljaanske gûne ferfongen troch in nije muntienheid, de Karibyske gûne.
april 2 - De Amerikaanske presidint Donald Trump kundiget hege ymportheffings oan foar hast alle lannen en territoaria yn 'e wrâld, mei as gefolch dat de oandielemerken yn 'e folgjende dagen kelderje. 8 - Under in konsert fan 'e sjonger Rubby Pérez yn 'e nachtklub Jet Set, yn Santo Domingo, de haadstêd fan 'e Dominikaanske Republyk, stoart it dak yn. Dêrby komme teminsten 231 minsken om, ûnder wa Pérez, en reitsje mear as 200 oaren ferwûne. 15 - By in boatramp op 'e rivier de Kongo yn 'e Demokratyske Republyk Kongo komme teminsten 148 minsken om. 21 - Paus Fransiskus, dy't sûnt 2013 oan it haad fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke stiet, komt yn 'e âlderdom fan 88 jier te ferstjerren. 26 - De útfeart fan paus Fransiskus fynt plak yn Rome. Oerienkomstich syn sobere libbensstyl wurdt er neffens syn eigen winsken begroeven yn 'e Santa Maria Maggiore, in basilyk bûten Fatikaanstêd, mei op syn grêfsark inkeld de namme "Franciscus". 26 - By in oanslach mei in ridende auto yn 'e Kanadeeske stêd Vancouver komme 11 minsken om en reitsje 32 oaren ferwûne. 28 - It Ibearysk Skiereilân wurdt troffen troch in alomfetsjende stroomsteuring. 30 - De Feriene Steaten en de Oekraïne slute in oerienkomst oer de eksploitaasje fan minerale helpboarnen yn 'e Oekraïne. De Feriene Steaten wurde dêrtroch oanfitere ta it dwaan fan ynvestearrings yn 'e Oekraïne, wylst de Oekraïne mei it ferdrach de takomstige levering fan wapenreau feilichstelt foar de striid tsjin Ruslân. maaie 6 - Nei twa stimmings yn 'e Bûnsdei, it Dútske parlemint, wurdt de konservatyf Friedrich Merz keazen ta de nije bûnskânselier. 7-10 - In driigjende oarloch tusken Yndia en Pakistan einiget nei 4 dagen fan besjittings en bombardeminten oer en wer mei in troch Amerikaanske bemiddeling berikt sjitferbod. 8 - De Amerikaanske kardinaal Robert Francis Prevost wurdt keazen as de nije paus fan Rome. Hy komt op 'e Hillige Stoel ûnder de namme Leo XIV. Hy is de earste paus dy't ôfkomstich út de Feriene Steaten (hoewol't er ek de Perûviaanske nasjonaliteit hat). 12 - Yn Turkije beslút de Koerdyske Arbeiderspartij (PKK) himsels op te heffen nei 47 fan striid foar de Koerdyske saak. 18 - By presidintsferkiezings yn Roemeenje wint de progressive kandidaat Nicușor Dan mei in lyts ferskil fan syn ekstreem-rjochtse rivaal George Simion. juny 1 - By Operaasje Spinreach ferneatiget de Oekraïne yn it ramt fan 'e Russysk-Oekraynske Oarloch by in spektakulêr súksesfolle oanfal mei drones djip yn Russysk grûngebiet mear as 40 strieljager-bommesmiters fan 'e Russyske Loftmacht op fleanbases by Moermansk en Irkûtsk. 3 - Yn Nederlân falt it Kabinet-Schoof nei't Geert Wilders syn stipe ynlutsen hat en de ministers fan syn PVV út it kabinet weromlutsen hat. 6 - Yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles brekke grutskalige protesten út nei't de ymmigraasjetsjint ICE dêr ferskate razzia's holden hat op 'e siik nei yllegale ymmigranten. 10 - By in sjitpartij op in skoalle yn it Eastenrykske Graz komme 10 minsken om en reitsje mear as 30 oaren ferwûne nei't in âld-learling it fjoer op harren iepenet.