In ûnynkorporearre territoarium fan de Feriene Steaten is neffens de Amerikaanske wet in geografysk gebiet dat direkt of yndirekt bestjoerd wurdt troch it regear fan 'e Feriene Steaten sûnder dat it feitlik diel útmakket fan (ynkorporearre is yn) de Feriene Steaten. Yn sokke territoaria is de Amerikaanske wetjouwing, de Amerikaanske Grûnwet ynbegrepen, mar foar in part fan krêft, ôfhinklik fan wetten dy't spesifyk dêrta oannommen wurde troch it Amerikaanske Kongres, útspraken dêrta fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf en eventuële pleatslike tradysjes en wetten datoangeande. Der binne op 't heden fiif bewenne ûnynkorporearre territoaria: de Amerikaanske Famme-eilannen Amerikaansk-Samoä Gûam de Noardlike Marianen Porto Riko
Dêropta binne der njoggen ûnbewenne Amerikaanske oerseeske besittings, wêrfan't inkeld Palmyra ynkorporearre is. De oare acht binne: Baker Howland Jarvis Johnston Kingman Reef Midway Navassa Wake
Eardere ûnynkorporearre territoaria fan 'e Feriene Steaten wiene: de Filipinen (1898-1946) de Panamakanaalsône (1903-1999) it Trustgebiet fan de Pasifyske Eilannen (1947-1994) de Marshalleilannen (1947-1986) Mikroneezje (1947-1986) Palau (1947-1994)
Sjoch ek ûnorganisearre territoarium organisearre territoarium
Kategory:Feriene Steaten Kategory:Bestjoerlike yndieling Kategory:Geografy fan de Feriene Steaten