thumb|Hans Staden troch H.J. Winkelmann, 1664 Hans Staden (Homberch, om 1525 - Wolfhagen of Korbach, om 1579) wie in Hessysk soldaat en seeman, dy't mids 16e iuw nei Súd-Amearika reizge. Op syn twadde reis waard er finzennaam troch de Tupinambá, in yndianestam yn Brazilië.
Hy skreau in boek oer syn ûnderfiningen by de Tupinambá mei de titel Warhaftige Historia und beschreibung eyner Landtschafft der Wilden Nacketen, Grimmigen Menschfresser-Leuthen in der Newenwelt America gelegen. It boek waard in ynternasjonale bestseller en waard oerset yn it Latyn en in protte oare Jeropeeske talen. It ûnderwerp út it boek dat it measte omtinken krige wie kannibalisme. Neffens Staden wiene de Tupinambá kannibalen. Hy jout in libben omstannersferslach fan it deadwaan, tarieden en opiten fan kriichsfinzenen. Guon gelearden twifelje oan de betrouberens fan syn ferslach, mar der binne ek wittenskippers dy't him ferdigenje.
Literatuer Duffy, Eve M. en Alida C. Metcalf (2012) The Return of Hans Staden: A Go-Between in the Atlantic World Baltimore: Johns Hopkins University Press ISBN 9781421403465
Keppeling om utens Hans Staden: Wahrhaftige Historia
Kategory:Skiednis fan Brazylje Kategory:Kannibalisme Kategory:Dútsk autobiograaf Kategory:Dútsk reisferhaleskriuwer Kategory:Dútsk soldaat Kategory:Dútsk seeman Kategory:Persoan berne yn 1525 Kategory:Persoan stoarn yn 1579