Neneh Cherry (wiere namme: Neneh Mariann Karlsson; Stockholm, 10 maart 1964) is in Sweedsk sjongster, lietsjeskriuwster, rapper en aktrise, dy't út en troch ek wurke hat as live-discjockey en presintatrise. Har karriêre sette yn 'e iere 1980-er jierren yn Londen útein. Fan ein jierren '80 oant healwei de jierren '90 hie se in tal grutte ynternasjonale hits hie mei in griemmank fan hiphop, soul en oare muzykstilen. Ta har grutste súksessen behearre Buffalo Stance (1988), Manchild (1989), it duët mei Afrika Bambaataa I’ve Got You Under My Skin (1990), it duët mei Youssou N'Dour 7 Seconds (1994) en Woman (1996). Anno 2024 hat Cherry seis studio-albums útbrocht as solo-artyste. Dêrnjonken is se ien fan 'e oprjochters fan 'e band cirKus, dy't sûnt 2006 bestiet, en teffens publisearre se yn 2012 in album mei de jazzband The Thing (mei as titel The Cherry Thing). Cherry hat ferskate wichtige prizen wûn, wêrûnder twa Brit Awards en in MTV Europe Music Award (mei N'Dour). Ek hat se nominearre west foar in Grammy.
Karriêre Yn 't earstoan spile Cherry yn ferskate bands lykas The Slits en Rip Rig + Panic, mar begjin jierren tachtich sette se mei in solokarriêre út ein, mei as earste nûmer Stop the war, in protestliet tsjin de Falklânoarloch. Yn 1986 waard se troch Matt Johnson (The The) frege om mei te dwaan oan syn album "Infected". De grutte trochbrek kaam in pear jier letter, doe't hja mei Buffalo Stance in nûmer 1-hit helle yn ûnder oaren Nederlân. It liet kaam fan har debútalbum Raw Like Sushi út 1989.
De jierren dêrnei folgen mear hits, dy't ûnder oaren fan har twadde studioalbum kamen, Homebrew út 1992. Itselde jier rekke se in skoft út de rûlaasje troch de Sykte fan Lyme. Yn 1994 kaam se werom en skoarde se in grutte hit mei 7 seconds, yn gearwurking de Senegaleeske sjonger Youssou N'Dour. Yn 1996 kaam har album Man út. Se wie nei dy tiid ek as gastsjongster te beharkjen op albums fan Speech, Gorillaz, Pulp en cirKus.
Yn 2012 makke se yn 'e mande mei The Thing, in Noarsk jazztrio, it album "The Cherry Thing". Yn 2014 kaam it album Blank Project út, in album wêr't se al yn 2013 oan wurke yn 'e mande mei RocketNumberNine, in 'elektroduo' besteande út de bruorren Ben en Tom Page.telegrap.co.uk - Neneh Cherry and RocketNumberNine, reviewmif.co.uk - Great reviews for Neneh Cherry's new albumsoundcloud.com - Blank Project Yn 2014 kaam it album Blank Project út. It is in album dêr’t oan begûn is yn 2013 yn gearwurking mei RocketNumberNine, in elektroduo besteande út de bruorren Ben en Tom Page. telegrap.co.uk - Neneh Cherry and RocketNumberNine, reviewmif.co.uk - Great reviews for Neneh Cherry's new albumsoundcloud.com - Blank Project Se waard yn 2015 opnommen yn de Swedish Music Hall of Fame. Op 19 oktober 2018 ferskynde har nijste studioalbum: Broken Politcs.
The Versions is it sechsde studioalbum. It waard 10 juny 2022 fia EMI Records útbrocht. It album befettet fannijs bewurke ferskes fan Neneh Cherry. Gastvokalisten op dit album binne ûnder oare Robyn en Sia.
Diskografy Ik kar. De folsleine diskografy is te finen yn de Ingelsktalige Wikipedy: hjir Soloplaten Raw Like Sushi (1989) Homebrew (1992) Man (1996) Blank Project (2014)
Yn gearwurkingsferbân Mei CirKus Laylow (2006) Medicine (2009) Mei The Thing The Cherry Thing (2012)
Filmografy Fideoklips Buffalo Stance (fan Raw Like Sushi, 1989) Manchild (1989) Kisses on the Wind (1989) Inna City Mamma (1989) Heart (1989) So Here I Come (1989) Sassy (fan Homebrew, 1992) Money Love (1992) Buddy X [Inspired By……!?!] (1992) Woman (fan Man, 1996) Feel It (1996) Trouble Man (1996) 7 Seconds (1996) ft. Youssou N'Dour Kootchi (1996) Spit Three Times (fan Blank Project, 2014) Out of the Black (2014) Everything (2014) Kong (van Broken Politics, 2018) Natural Skin Deep (2018)
Films/dokumintêres 1 Giant Leap (2002); dokumintêre Fonko (2016); dokumintêre Stockholm My Love (2016) - as Alva Achebe Here to Be Heard: The Story of The Slits (2017); dokumintêre Poly Styrene: I Am a Cliché (2021); dokumintêre
Keppelings om utens Neneh Cherry yn de IMDb Jude Rodgers: Neneh Cherry: Jazz can be the way you make love (2012) in The Guardian
Kategory:Sweedsk sjonger Kategory:Sweedsk rapper Kategory:Sweedsk hiphopartyst Kategory:Sweedsk live-discjockey Kategory:Sweedsk lietsjeskriuwer Kategory:Sweedsk persoan fan Sierraleöansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1964