Preeti en Priya Young (Epsom (Ingelân), 19 febrewaris 1989) binne in Britske twilling fan mingd etnysk komôf. Hja setten omtrint 2012 útein mei in karriêre as neakenmodellen en webcamgirls, en wurkje frijwol altyd tegearre.

Libben en karriêre De susters Preeti en Priya Young waarden yn 1989 berne yn it Ingelske Epsom. Hja binne in ienaaiïge twilling fan mingd etnysk komôf. Harren heit is in Ier, wylst harren mem fan Yndiaaske ôfstamming is. Omtrint 2012, doe't se 23 jier wiene, setten Preeti en Priya útein mei in karriêre as neakenmodellen, wêrby't se frijwol altyd tegearre wurkje en benammen foar harren eigen webside, OfficialPreetiAndPriya.com, posearje. Dêrnjonken binne se ek wol foar oare Britske websiden op it mêd fan neakenfotografy yn 't spier, lykas Born2Tease.net, BabeStation.com en NakedGlamour.com. Fierders hawwe de twillingsusters ek as webcamgirls wurke, û.m. foar TelephoneModels.com.

Lichemsskaaimerken Preeti en Priya Young binne in ienaaiïge twilling fan mingd blank en Súdaziatysk ras, mei brune eagen en (fan natuere) swart hier. Neffens harren offisjele opjefte binne se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 58 kg, en kupmaat 32FF, dêr't se (allebeide) in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hawwe. Hja hawwe behalven piercings troch de earlellen ek elts in nâlpiercing. Tatoeaazjes, û.m. florals en teksten yn it Devanāgarī-skrift (dêr't û.m. it Hindy yn skreaun wurdt), hat Preeti op har lofterûnderearm en har ûnderrêch, en Priya op har rjochterûnderearm, ûnderrêch, rjochterskouder en lofterboppe-earm.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Preeti en Priya Young Biografy en filmografy fan Preeti Young yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografy en filmografy fan Priya Young yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens fan Preeti en Priya Young op FreeOnes (in) Babestation TV Dedicated Page to Preeti and Priya Young

Kategory:Ingelsk neakenmodel Kategory:Webcamgirl Kategory:Ingelsk persoan fan Yndiaask komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1989