De Katedraal fan 'e Hillige Trije-ienheid (Russysk: Троице-Владимирский собор; Troitse-Vladimirski sobor) is in tsjerke yn 'e Russyske stêd Novosibirsk en de katedraal fan it bisdom Novosibirsk en Berdsk.
Mei de bou fan 'e monumintale katedraal yn pseudo-Russyske styl waard yn it jier 1999 útein set. It gebou bestiet út in oan 'e apostelgelikense hillige grutfoarst Vladimir wijde boppetsjerke en in benedentsjerke, dy't wijd waard oan 'e hillige Trije-ienheid.
Op 24 augustus 2013 wijde patriarch Kirill de foltôge Trije-ienheidskatedraal. De rite waard bywenne troch tal fan prysters en ôffeardigen fan 'e autoriteiten.
De hichte fan de fiifkoepelige tsjerke is ynklusyf it krús 60 meter.
Keppeling om utens Side fan de katedraal
Kategory:Tsjerkegebou yn Novosibirsk Kategory:Katedraal yn Ruslân Kategory:Bouwurk út 2008 Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou