Thelma Todd (Lawrence (Massachusetts), 29 july 1905 - Los Angeles (Kalifornje), 16 desimber 1935) wie in Amerikaansk aktrise.
Karriêre Todd koe goed leare en woe ynearsten learares wurde, mar nei't se meidien hie oan skientmewedstriden en yn 1925 de titel "Miss Massachusetts" wûn, waard se bekend. Rillegau dêrnei krige se rollen yn films.
Yn de stomme film gie it fral om har uterlik. Har rollen wiene te lyts om te bewizen dat se ek goed aktearje koe. De kâns om dat sjen te litten krige hja doe't Hal Roach har in kontrakt joech by de opkomst fan de lûdsfilm. Se spile doe neist grutte stjerren lykas Harry Langdon, Charley Chase en Laurel en Hardy yn films. Ek krige se de haadrol yn in rige koartswilige films mei ZaSu Pitts en Patsy Kelly.
Todd waard ien fan de bekendste komediënnes en wie no ek njonken ûnder oaren Wheeler & Woolsey, Buster Keaton, Joe E. Brown en The Marx Brothers te sjen. Se liet lykwols sjen dat se ek goed wie yn it drama en krige positive kritiken foar har rol yn The Maltese Falcon (1931). Se hie in soad súkses as aktrise en spile yn mear as 130 films.
De ein Thelma Todd stoar yn de âldens fan 29 jier. Op 16 desimber 1935 waard hja dea fûn yn in auto yn de garaazje fan aktrise Jewel Carmen. De offisjele reden fan har dea wie koalmonoksidefergiftiging.
De nacht foar har dea wie se op in feest fan Stanley Lupino. Dêr krige se spul mei har eks-man Pat DeCicco dy't yn it ferline al froulju slein hie. Hy soe Todd ek deadien hawwe. Freonen seine lykwols dat se de hiele jûn fleurich wie en dat se harsels faaks te koart dien hie.
De plysje fan Los Angeles sei dat har dea in ûngemak wie, mar ek har eardere freon Roland West bleau fertocht. Hy soe har opsluten hawwe yn de garaazje. In oare teory wie dat Todd de motor oan stean liet om harsels waarm te hâlden en dat se doe yn 'e sliep fallen wie.
Der waard ek grute dat gangster Lucky Luciano har fermoarde hat nei't er Todd frege hie oft er yllegale aktiviteiten yn har klup útfiere mocht. Todd gie der net op yn hy soe dêrom wraak naam hawwe wolle. Hoewol't der gjin bewiis is dat Luciano dy nacht yn Los Angeles wie, tochten in soad minsken dat hy de dieder wie.
Filmografy (kar-út) 1928:The Noose 1929:Unaccustomed As We Are 1930:Another Fine Mess 1931:No Limit 1931:Chickens Come Home 1931:The Maltese Falcon 1931:Monkey Business 1931:On the Loose 1932:Horse Feathers 1932:Speak Easily 1932:Call Her Savage 1933:The Devil's Brother 1933:Counsellor at Law 1934:Palooka 1936:The Bohemian Girl
Keppelings om utens Thelma Todd yn de IMDb Thelma Todd by allmovie.com "A Mystery Revisited" Los Angeles Times, 29 maaie 2002
Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk stomme-filmakteur Kategory:Persoan dy't omkommen is troch koalmonoksidefergiftiging Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1935