Komsomolsk oan de Amoer (Russysk: Комсомольск-на-Амуре, sekuere transliteraasje: Komsomoľsk-na-Amurje) is in Russyske havenstêd oan it Baikal-Amoerspoar yn it fiere easten fan Ruslân yn de kraj Chabarovsk oan de lofterigge fan de Amoer op 365 kilometer noardeastlik fan Chabarovsk. De stêd is it kulturele sintrum fan de krite mei ynstellingen foar heger ûnderwiis, museä en in teäter.

De omkriten fan de stêd hearden eartiids oan it Sineeske keizerryk. Yn 1858 kaam er by Ruslân troch it Ferdrach fan Aigun.

It plak waard stifte troch leden fan de Komsomol yn 1932. It plak ûnjoech him ta yndustrystêd mei as wichtichste ekonomyske sektoaren de izermetallurgy, masinebou, ierdoaljebewurking, lichte yndustry, fiedselproduksje en skipsbou. De stêd hat it fleanmasinefabryk Soechoj en Rosneft, de meast eastlike oaljeraffinaderij fan Ruslân.

Untjouwing befolking Jier Ynwennertal 1939 70.808 1959 177.278 1970 218.127 1979 263.950 1989 315.325 2002 281.035 2010 263.906 2022 239.386

Berne yn Komsomolsk oan de Amoer Henessy, Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise thumb|250px|left|It plak fan Komsomolsk o/d Amoer yn Ruslân

Kategory:Plak yn Chabarovsk (kraj) Kategory:Plak stifte yn 1932