Calw is in plak en gemeente yn de Dútske dielsteat Baden-Württemberg. It is de Kreisstadt fan de lânkring Calw.
Calw leit yn it súdwesten fan Dútslân yn it noarden fan it Swarte Wâld.
Yndieling De gemeente Calw bestiet út 13 ferskillende Stadtteile: Altburg, Oberriedt, Speßhardt, Spindlershof, Weltenschwann, Calw, Alzenberg, Heumaden, Wimberg, Hirsau, Ernstmühl, Holzbronn en Stammheim.
Geografy Cawl leit yn 'e delling fan it rivierke de Nagold op in hichte tusken 330 en 630 meter boppe seenivo. De histoaryske stêd leit west fan it rivierke, de nijere stedsdielen ûntwikkelje har op 'e hellings. Oare rivierkes yn 'e gemeente binne de Tälesbach, de Ziegelbach, de Wurstbrunnenbach, de Schießbach, de Schlittenbach en de Schweinbach. Yn it noardlike gemeentegebiet oan 'e westlike helling fan 'e delling fan 'e Nagold leit de Bruderhöhle (de Bruorregrot).
Yn Calw lizze twa natoergebieten: de 'Gültlinger en Holzbronner Heiden' om it stedsdiel Holzbronn en de 'Würm-Heckengäu' om it stedsdiel Stammheim.
Berne yn Calw Hermann Hesse (1877 - 1962), skriuwer/dichter Ulrich Rülein von Calw (1465 – 1523), humanist en dokter Heinz Wolfgang Schnaufer, piloat
Ofbylden
Kategory:Plak yn Baden-Wuertemberch Kategory:Gemeente yn Baden-Wuertemberch