Jotam (Hebriuwsk: יוֹתָם; "God is folmakke") wie in kening fan it keninkryk Juda. Syn regear en wurdt tusken 740 f.Kr. en 732 f.Kr. datearre.

Jotam wie de soan fan kening Oezzia en Jerûsa, in dochter fan Zadok. Om't Oezzia nei in konflikt mei de prysters yn 'e timpel mei melaatskens straft en fan 'e mienskip ôfsûndere waard, moast Jotam oant de dea fan syn heit it bestjoer as regint waarnimme. Nei de dea fan Oezzia waard Jotan ta kening kroand en hy bleau lykas syn heit trou oan 'e God fan Israel. It folk lykwols die oan ôfgoaderij, mar dat liet kening Jotam fierder gewurde.

Kening Jotan liet de boppepoarte fan 'e timpel bouwe en wurk útfiere oan 'e muorre fan 'e Ofel, in smelle hichte súdlik fan 'e Timpelberch. Ek joech de kening opdracht ta de bou fan stêden yn it berchlân en fersterkingen yn 'e bosken. In oerwinning op 'e Ammoniten levere de kening trije jier in grutte skatting op, itjinge syn macht fierder fuortsterke. Under syn bewâld krige Juda ek lêst fan it bûn tusken kening Rezin fan Aram en kening Pêkach fan Israel.

Jotam bestjoerde it lân sechtjin jier en waard opfolge troch syn soan Achaz.Bibelboek 2 Keningen 15:32-38Bibelboek 2 Kroniken 27 Sjoch ek List fan keningen fan Juda

Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Kening fan Juda Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 8e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 8e iuw f.Kr.