Leslie Townes (Bob) Hope (Eltham, 29 maaie 1903 – Toluca Lake, 27 july 2003) wie ien fan de bekendste Amerikaanske komiken fan de 20e iuw. Bob Hope wie in konferansier, dy't alle fasetten fan it mêd behearske. Hy trede op as vaudevilleakteur en sjonger, yn Broadway-toanielstikken en musicals, yn radio- en telefyzjeprogramma's en yn films.
Libben en wurk Jonkheid Hope waard berne yn Eltham, Súdeast-Londen, as fyfde fan sân soannen. Heit wie stienhouwer en mem song yn 'lichte' opera's. Yn 1907 ferhuze de húshâlding nei Cleveland in de Amerikaanske steat Ohio. Yn 1920 waard er Amerikaansk steatsboarger.
Iere karriêre Doe't Hope tsien jier wie wûn er in Charlie Chaplin-ymitaasjewedstriid. Nei de middelbere skoalle naam er dûnslessen by King Rastus Brown en Johnny Root. It die bliken dat er in natuertalint wie.
Op syn achttjinde joech er dûnsfoarstellingen mei syn doetydske freondinne Mildred Rosequist yn Cleveland en omkriten. Rillegau fûn er it paad nei de teäters yn New York.
Nei syn debút op Broadway yn 1927 yn de musical The Sidewalks of New York briek Hope yn 1933 troch as de koartswillige Huckleberry Haines yn de musical Roberta. Dêr krige er kunde oan de sjongster Dolores Reade mei wa't er yn 1934 troude. Hope wie in frouljusman en hie ûnder syn houlik ferskate ferhâldingen.
Rom thumb|Bob Hope op besite by it Amerikaansk leger yn Fjetnam, 19 desimber 1966 Om reden fan it súkses fan syn satiryske radiomonologen krige Hope in rol yn de film The Big Broadcast of 1938, wat fuortendaliks in súkses wie. Yn dy film song er Thanks for the Memory, wat in soarte fan persoanlike tune wurde soe.
Hope's gearwurking mei Bing Crosby en Dorothy Lamour yn de ferskate Road to...-films (1940-1952) soarge grif foar lange rigen foar de bioskopen. De searje begûn mei Road to Singapore, folge troch Road to Zanzibar (1941), ... Morocco (1942), ... Utopia (1946), ... Rio (1947), ... Bali (1948) en ... Hong Kong (1952).
Oare komyske rollen hie er yn Caught in the Draft (1941), Let's Face It (1943), The Paleface (1948), Fancy Pants (1950) en My Favorite Spy (1951).
Hope spile haadrollen yn mear as fyftich films en hie byrollen yn fyftjin oare (de lêste wie Spies Like US yn 1985).
Yn 1944 wie Hope syn radioprogramma it heechst wurdearre yn de FS en yn 1950 makke er syn debút op telefyzje.
Op 6 maaie 1941 trede Bob Hope foar it earst op foar Amerikaanske militêren. Dat soe er dwaan bliuwe yn de rest fan de Twadde Wrâldoarloch, de Koreaanske Oarloch, de Fjetnamoarloch en sels noch yn 1991 ûnder de Golfoarloch. By syn optredens foar dy soldaten liet er sjen dat er tige belutsen wie en hast altyd droech er legerklean as teken fan stipe en bewûndering foar syn publyk.
Hope garre in fortún byinoar, dat er ynvestearre yn ûnreplik goed. It tydskrift Forbes rûsde syn fermogen op goed 500 miljoen dollar.
Sport thumb|Bob Hope sjit in golfbal yn in jiskepanne dy't fêsthâlden wurdt troch presidint Richard Nixon yn it Oval Office, 1973 Hope wie ek ferneamd om syn leafde foar sport. Doe't er jong wie, wie er koart skoft tiid berops-bokser, spile pool foar jild, wie er mâl mei American football en wie er letter mei-eigener fan de Cleveland Indians en de Los Angeles Rams. Syn grutste passy woe lykwols golf; hy spile sels yn in tal PGA (Professional Golf Association) wedstriden. Ta syn eare waard de Hope/Chrysler Classic nei him ferneamd.
Hy spile golf mei hast eltse presidint fan Amearika nei Dwight D. Eisenhower.
Filmografy Fimografy op de Ingelsktalige Wikipedy
Diskografy Singles Jier Single Billboard Hot 100 1938Thanks for the Memory (A-kant) (Bob Hope en Shirley Ross)— 1939Two Sleepy People (B-kant) (Bob Hope en Shirley Ross)15 1945The Road to Morocco (Bing Crosby en Bob Hope)21 1950Blind Date (Margaret Whiting en Bob Hope)16
Bibliografy Bibliografy op de Ingelsktalige Wikipedy
Underskiedingen en prizen Underskiedingen en prizen op de Ingelsktalige Wikipedy
Keppeling om utens Offisjeel webstee
Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk harkspulakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk komyk Kategory:Amerikaansk artyst Kategory:Amerikaansk dûnser Kategory:Amerikaansk telefyzjepresintator Kategory:Amerikaansk radiopresintator Kategory:Amerikaansk bokser Kategory:Eare-Oscar-winner Kategory:Cecil B. DeMille Award-winner Kategory:Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Welsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 2003