In stâl is in oerdutsen romte dêr't fee holden wurdt. Meastal giet it dêrby om kij, skiep, geiten of bargen, mar it kin ek om hynders gean. Der bestiet in grut tal ferskillende soarten stâlen: beddestâl, in stâl foar it hâlden fan jonge bargen groppestâl of gropstâl, in no fierhinne yn ûnbrûk rekke stâl foar it hâlden fan kij (mei groppen foar de ôffier fan stront efter de eigentlike stâlen), foarhinne de meast foarkommende soarte stâl op molkfeehâlderijen yn Fryslân hynstestâl, in gebou of in inkele stâl yn in gebou dêr't hynders holden wurde lisboksstâl, in moderne stâl foar it hâlden fan kij melkstâl, in stâl dêr't kij molken wurde kinne potstâl, in âlderwetske skieppe- of kowestâl, no wer yn gebrûk yn 'e biologyske feehâlderij skieppekoai, in stâl of hok foar skiep In hinnehok kin net oanmurken wurde foar in stâl, of it moat wêze dat it om in gebou ter grutte fan in loads giet. Op buorkerijen befynt in stâl him faak yn of fuort njonken de pleats. Foarhinne, doe't men noch fan hynstekrêft ôfhinklik wie, hiene in protte gewoane huzen ek in stâl foar it hâlden fan 'e eigen ryd- of lûkhynders.

Kategory:Feehâlderij Kategory:Bouwurk nei soarte Kategory:Bisteferbliuw