De hoätzineftigen (Latynske namme: Opisthocomiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves).
Ta dit skift heart ien inkele famylje, dy fan 'e fan hoätzinfûgels (Opisthocomidae), dy't útinoar falt yn fiif of seis útstoarne skaaien mei fossile soarten, de measten út Súd-Amearika, mar ek ien út Afrika en ien út Jeropa. It iennichste libbene skaai is dat fan 'e hoätzins (Opisthocomus), dat ien inkele soarte omfiemet, de hoätzin (Opisthocomus hoazin), in fûgel dy't yn Súd-Amerika libbet, yn it Amazônegebiet en yn 'e Orinokodelta.
Skiftopbou
skift hoätzineftigen (Opisthocomiformes) famylje hoätzinfûgels (Opisthocomidae) skaai ?Foro † skaai hoätzins (Opisthocomus): 1 soarte skaai Hoazinavis † skaai Hoazinoides † skaai Namibiavis † skaai Onychopteryx † skaai Protoazin †
Kategory:Fûgelskift