Alpha and Omega is in romanrige fan 'e hân fan 'e Amerikaanske fantasyskriuwster Patricia Briggs, oer de Yndiaanske alfa-wearwolf Charles Cornick en syn blanke omega-partner Anna Latham. De boeken, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy hearre, binne skreaun yn it personele perspektyf. Se foarmje in spin-off-rige fan Briggs har langrinnende en tige populêre Mercy Thompson-searje, en wurde sûnt 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
De wrâld fan Alpha and Omega Yn 'e wrâld fan 'e Alpha and Omega-searje besteane der alderhanne wêzens dy't yn 'e skaden fan 'e wrâld foar de minsken ferburgen libje, lykas wearwolven, fampieren en ierdgeasten. Troch de almar fierder geande technyk (yn it bysûnder kameratechnyk) kinne dy har hieltyd dreger ferskûle hâlde. Dêrom hawwe de mindere ierdgeasten (lykas kabouters, gnomen, elfkes, ensfh.) har bestean in oantal jierren lyn iepenbiere, mar de gruttere ierdgeasten en fampieren hâlde noch altyd yn it ferhoalene ta. De wearwolven binne koartby ek 'út 'e kast' kommen, en dogge alle war om sa ûnskeadlik mooglik te lykjen.
De lieder fan alle wearwolven yn Noard-Amearika is de marrok, Bran Cornick, dy't yn it berchlân fan Montana tahâldt. Syn soan Charles is krektlyk as syn heit in tige dominante wolf, mar hy is mear as dat. Ornaris kinne froulike wearwolven gjin bern krije, mar syn mem wie de dochter fan in Yndiaanske medisynman, en hja hie fan harsels al in beskate magy. Hoewol't se yn it kreambêd stoar, slagge it har om Charles te foldragen en him libben en wol te wrâld te bringen. Sadwaande is Charles de iennichste wearwolf dy't as wearwolf berne is. (Alle oaren binne minsken dy't ta wearwolf makke binne.)
Anna Latham is in jonge frou dy't troch in mâle wearwolf oanfallen is en dêrtroch sels ek wearwolf wurden is. Hja is in omega, ien fan 'e meast seldsume soarten wearwolven, dy't dominant noch ûnderdienich is, mar bûten de rangoarder fan 'e wearwolvetroep stiet. Dêrby is se bejeftige mei it fermogen om dominante wearwolven te kalmearjen. As partners folje Charles en Anna inoar perfekt oan, en troch Charles syn wurk, as de sterke earm en probleme-oplosser fan syn heit, reitsje se by it iene nei it oare aventoer belutsen.
Haadpersoanen Charles Cornick, de heal-Yndiaanske jongere soan fan 'e marrok, berne omtrint 1810 Anna Latham Cornick, in omega-wearwolvinne en de frou fan Charles Cornick Sage Carhardt, in wearwolvinne fan 'e Aspen Creek-troep Bran Cornick, de marrok, lieder fan alle wearwolven yn Noard-Amearika en yn 't bysûnder fan 'e Aspen Creek-troep, fan oarsprong in Welsman, dy't earne healwei it earste milennium n.Kr. berne is Leah Fenwood Cornick, in ûnsympatike wearwolvinne en de frou fan 'e marrok Samuel Cornick, in dokter, dominante wearwolf en de âldste soan fan 'e marrok, dy't net folle jonger is as syn heit Leslie Fisher, in FBI-aginte Tom Franklin, in wearwolf fan 'e Emerald City-troep, út Seattle Cathy Hardesty, in swarte hekse Adam Hauptman, de skieden alfa-wearwolf fan 'e Kolumbia-troep en Mercy har man Moira Keller, in bline wite heks dy't troude is mei Tom Franklin Asil Moreno, byneamd 'de Moar', in tige âlde en geastlik ynstabile wearwolf fan 'e Aspen Creek-troep Colin "Tag" Taggart, in wearwolf fan 'e Aspen Creek-troep Mercedes "Mercy" Thompson, monteur, garaazjehâldster en parttime prêrjewolvinne
Searje Romans 2007 – Alpha en Omega (koarte novelle, publisearre yn 'e blomlêzing On the Prowl en yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows) 2008 – Cry Wolf 2009 – Hunting Ground 2012 – Fair Game 2015 – Dead Heat 2018 – Burn Bright 2021 – Wild Sign
Koarte ferhalen 2009 – Seeing Eye (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Strange Brew en werpublisearre yn 'e blomlêzing The Urban Fantasy Anthology út 2011, en de ferhalebondel Shifting Shadows út 2014) 2014 – Unappreciated Gifts (koart ferhaal yn 'e blomlêzing A Fantastic Holiday Season: The Gift of Stories en werpublisearre yn 'e ferhalebondel Blind Date with a Werewolf út 2025) 2020 – Asil and the Not-Date (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Fantastic Hope en werpublisearre yn 'e ferhalebondel Blind Date with a Werewolf út 2025) 2022 – Dating Terrors (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Heroic Hearts en werpublisearre yn 'e ferhalebondel Blind Date with a Werewolf út 2025) 2025 – Must Love Cats: Aftermath (koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Blind Date with a Werewolf út 2025) 2025 – Scheherazade (koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Blind Date with a Werewolf út 2025)
Kategory:Ingelsktalige romansearje Kategory:Fantasyromansearje Kategory:Literêr wurk fan Patricia Briggs Kategory:Romansearje út 2007 Kategory:Literatuer oer fampieren Kategory:Literatuer oer wearwolven Kategory:Literatuer oer elven Kategory:Literatuer oer tsjoenderij Kategory:Literatuer oer stalferwikseling Kategory:Literatuer oer Yndianen yn Noard-Amearika