In ierdgeast, tsjintwurdich soms ek wol oantsjut mei de Ingelske term fae, is yn 'e mytology, de folkloare en yn mearkes en folksferhalen in mytysk wêzen dat it lân bewennet en him dêrmei ûnderskiedt fan lucht- en wettergeasten. Ierdgeasten wurde almeast foarsteld as lytseftige, minskeftige wêzens. Se kinne goed- of boasaardich wêze, en binne faak listich en slûchslim, en net selden ek diefeftich. Se wenje meast yn ôfhandige gebieten, lykas wâlden en bergen, en lizze har gauris ta op it smeien fan metalen (útsein izer en stiel, dêr't se net oer kinne) of op oare ambachten. Soms besitte se grutte skatten oan kostberheden, dy't se ferburgen hâlde yn ûndergrûnske hoalen.

Foarbylden fan ierdgeasten binne: banshee bûzehappert bûzeman of boeman drow dryade of beamgeast dúnater dwerch dwylljocht eardske elf elfke fee ghoul of lykgeast gnoom gremlin healmling kabouter kilekaan kobold leperkaan nimf oark oger pixie reus sjamme sprite trol wâlhûn wriggert

Kategory:Mytysk wêzen Kategory:Geast