Yosef Bar Kayafa (Hebriuwsk: יוסף בַּר קַיָּפָא, Joazef, soan fan Kajafas ), better bekend ûnder de namme Kajafas (Gryksk: Καϊάφας) yn it Nije Testamint, waard yn it jier 18 troch gûverneur Falearius Gratus beneamd yn it amt fan hegepryster yn Jeruzalim. Hy bleau hegepryster oant it jier 37, doe't er troch Lusius Fitellius ferfongen waard troch syn sweager Jonatan. Kajafas wie de skoansoan fan 'e hegepryster Annas, dy't ek nei't Kajafas it amt beklaaide de titel fan hegepryster hold en in grutte autoriteit besiet.
Yn it Nije Testamint Neffens it Nije Testamint spile Kajafas in beslissende rol yn it proses tsjin Jezus Kristus dat ta Dy syn krúsdea late. Al nei de wûnderbaarlike opwekking fan Lazarus hold de Hege Rie in gearkomste oangeande de fraach wat te dwaan mei Jezus, Dy't sa'n soad tekens dien hie. Jimmeroan mear minsken begûnen yn Jezus te leauwen as de Messias en dêrom waard Er troch de joadske autoriteiten sjoen as in gefaar foar de besteande oarder. Op dy gearkomste spriek Kajafas, dy't krekt hegepryster woarn wie, de wurden: "Jimme ha net foar it ferstân dat it yn jim eigen belang is, dat ien man foar it folk stjert en net it hiele folk omkomt". Sûnt dy gearkomste wie it dúdlik dat er Jezus dea hawwe woe.Jehannes 11:45-52
Nei it ferried fan Judas en de arrestaasje fan Jezus yn 'e Hôf fan Getsemané moast Jezus foar de Hege Rie ferskine, dy't byinoar wie yn it hûs fan Kajafas. Kajafas besocht yn 'e mande mei de âldsten in pear kear om 'e nocht falske tsjûgenissen tsjin Jezus yn te bringen, sadat er Jezus ta de dea feroardielje koe. Nei't it Kajafas net slagge om Jezus út te lokjen, stelde Kajafas Jezus de fraach oft Er de Messias wie. Op dy fraach andere Jezus: "Jo sizze it". Nei dy wurden beskuldige Kajafas Jezus fuortendaliks fan it belasterjen fan God en dêrmei wie it fûnis tekene.
thumb|250px|left|It ossuarium fan 'e pryster Joazef Kajafas Jezus waard troch de joadske autoriteiten oerdroegen oan 'e Romeinske lânfâd Pontius Pilatus, dy't Him ûnderfrege mar gjin oertrêding tsjin de Romeinske wetten seach. Hy wist him gjin rie mei Jezus en woe it mar oan it folk oerlitte troch neffens de tradysje in finzene op it feest frij te litten en har de kar te jaan tusken Jezus en de beruchte moardner Barabbas. It folk wie ophyst troch de hegeprysters en de âldsten, om foar Barabbas syn frijlitting te kiezen en op 'e fraach fan Pilatus wat dan te dwaan mei Jezus, raasden hja: "krúsigje Him!"
Nei de dea en ferrizenis fan Jezus gie Kajafas troch mei de ferfolging fan 'e neifolgers fan Jezus. Doe't Petrus en Jehannes oppakt en finzen set waarden nei't hja in lamme man better makke hiene,Hannelingen 3:1-10 wie Kajafas ien fan 'e hegeprysters dy't de beide apostels ûnderfrege.Hannelingen 4:1-6 Kajafas wie nei alle gedachten ek de hegepryster foar wa't de kristlike martelder Stefanus him ferantwurdzje moast eart er stiennige waard. It is ek wierskynlik dat Kajafas de brieven foar Saulus skreau, dy't him de autoriteit jaan moasten om yn Damaskus de synagogen op te setten tsjin de kristenen.Hannelingen 9:1-2
Argeology Yn 1990 waarden de oerbliuwsels fan Kajafas fûn yn in famyljegrêf in pear kilometer súdlik fan Jeruzalim.greatarchaeology.com: Caiaphas Ossuary archeologieonline.nl: Knekelkist onthult begraafplaats Kajafas.
Kategory:Persoan yn it Nije Testamint Kategory:Joadsk persoan yn de Romeinske Tiid Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Hegepreester fan Israel Kategory:Persoan berne yn de 1e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 1e iuw