Yn ’e Line wie in groep ekspresjonistyske Fryske keunstskilders, âld-learlingen fan Herman Dijkstra (1904-1976): Jan van der Bij, Sjoerd Huizinga, Klaas Koopmans, Pier Feddema en Jabik Rusticus. Yn ’e Line, oprjochte yn 1949, debutearre yn 1954 mei in tentoanstelling yn Ljouwert yn de Prinsetún en letter ûnder oaren yn de Mangelgang yn Grins. G. Struiksma, "Debuut van Yn 'e Line verdient de aandacht", Friese koerier, 22 oktober 1954. Mei in tal oare keunstners, ûnder wa Chris Fokma, Jentsje Popma en Jan Murk de Vries wiene, foarmen sy yn de twadde helte fan de jierren 50 de nije groep It Frysk Palet.
Kategory:Keunst yn Fryslân Kategory:Nederlânsk keunstnerskollektyf Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1949 Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan opheffing Kategory:Organisaasje opheft yn de 20e iuw