Jan-Baptist Xavery (Antwerpen, 30 maart 1697 - De Haach, 19 july 1742) wie in Flaamsk barok byldhouwer.

Xavery wie in soan fan byldhouwer Albert Xavery en de pakesizzer fan Pieter Xavery, ek in byldhouwer. Hy krige ûnderjocht fan syn heit en gie dêrnei yn 1719 oan 't wurk yn Wenen en letter yn Italië. Yn 1721 bedarre er yn De Haach, dêr't er hofbyldhouwer fan steedhâlder Willem IV waard. Der binne ek oanwizings dat er om 1737 in skoftke wurke hat foar Freark I fan Sweden.

Hy makke fral portretskulptueren fan terrakotta, ivoar en moarmer. Guon fan syn wurken binne noch te sjen, ûnder oare yn it Haachske Mauritshûs en de Sint-Petrusbasilyk yn Boxmeer.

Kategory:Súdnederlânsk byldhouwer (foar 1830) Kategory:Flaamsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Flaamsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1697 Kategory:Persoan stoarn yn 1742